Rolpeal (peal)
In rolpeal, ek draaipeal of rôlepaal neamd, is in peal dy't eartiids brûkt waard as helpmiddel by it jeien fan skippen. Dêrby waard it skip – by ferfier fan passazjiers trekskûte neamd – mei in tou foarút lutsen troch minsken of in hynder dy't dêrby oer it jaachpaad rûn.
Rolpeallen stienen op plakken dêr't kanalen, fearten en sleatten in bocht makken. De line tusken de trekskûte en trekker waard by it nimmen fan skerpe bochten om in rol- of draaipeal lein. De skipper soarge, troch it jaan fan tsjinroer, dat de boat sûnder de kant te reitsjen de bocht om kaam.
In rolpeal wie in stevige stielen konstruksje mei oan de boppe- en ûnderside in each. In dizze eagen rûn in houten of stielen rol, dêr't de line lâns rôle. Dêroan ûntlient de 'rolpeal' ek syn namme. Der binne yn Fryslân net folle rolpeallen mear, allinnich yn Dokkum (replika oan Strobosserwei lâns de Strobosser Trekfeart), Haulerwyk (izeren oan de Kromme Elleboog by T-splitsing fan de wei nei Feanhuzen) , Starum (by de haven oan it Johan Willem Frisokanaal) en by Strobos oan de Strobosser Trekfeart nei Lytsewâld steane guonnens. Ek yn Grinslân steane rolpeallen, trije hjirfan binne Ryksmonumint. Ek yn Drinte en Súd-Hollân steane noch inkele orizjinele rolpeallen. Fierders steane der oan de Utertse Fecht, tusken Ald-Zuilen en Maarssen, noch in twatal sokke peallen. Dit binne lykwols replika's. De rolpeal by Maarssen waard yn 2005 ynhuldige.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rolpaal is ek de namme fan in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf en fan in buorskip yn de gemeente Westland yn Súd-Hollân.
-
Rolpeallen by it Oldehoofsch kanaal ûnder Feerwerd
-
Rolpeal by it Hunsingokanaal (Leenstertillen)
-
Rolpeal oan de Delftsche Vliet