Springe nei ynhâld

Johan Frisokanaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johan Willem Frisokanaal)
Rin fan it Johan Frisokanaal

It Johan Frisokanaal is in kanaal yn Fryslân, dat oanlein waard yn 1966. It kanaal ferbynt Starum mei it Prinses Margrietkanaal, dêr't it eastlik fan De Hommerts op oanslút, krekt benoarden de Kûfurd.

It kanaal is in drokbefarde wetterwei, sawol foar fracht- as plezierfartugen, dat lêste benammen by't simmer. Tusken it Prinses Margrietkanaal en Starum rint it kanaal troch fjouwer marren: de Hegemer Mar, dy't oergiet yn de Fluezen, De Holken en ta beslút de Moarre.

It kanaal is neamd nei it twadde bern fan de kroanprinsesse, Prins Johan Friso jonkje fan Prinsesse Beatrix, sa't dat ek bard wie foar it Prinsesse Margrietkanaal. It oarspronklike útstel wie om it kanaal Prins Johan Frisokanaal te neamen, mar Provinsjale Steaten besleaten it Prins wei te litten om de namme makliker te sizzen te meitsjen.