George Allen & Unwin
George Allen & Unwin | ||
algemien | ||
hist. namme | George Allen and Sons | |
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1871 | |
opdoekt | 1990 | |
oprjochter | George Allen | |
eigner | News Corp | |
mem | HarperCollins Publishers | |
offisjele webside | ||
gjint |
George Allen & Unwin wie in Britske útjouwerij, dy't yn 1871 oprjochte waard en fêstige wie yn Londen. It bedriuw krige ynternasjonale bekendheid as de oarspronklike útjouwer fan 'e wurken fan J.R.R. Tolkien. Nei ferskate oernames gie it úteinlik op yn HarperCollins Publishers.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útjouwerij waard yn 1871 ûnder de namme fan George Allen and Sons oprjochte troch de Britske útjouwer George Allen, mei finansjele help fan 'e ferneamde keunstkritikus John Ruskin. Yn 1914, doe't sir Stanley Unwin der in mearderheidsbelang yn kocht, waard it bedriuw omneamd ta George Allen & Unwin. Stanley Unwin syn soan Rayner Unwin en syn omkesizzer Philip Unwin besetten neitiid liedingjaande funksjes binnen de útjouwerij, en Rayner Unwin wie dejinge dy't fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien begelate by de útjefte fan dy syn berneboek The Hobbit (1937) en syn magnum opus The Lord of the Rings (1954-1955). Troch it súkses fan dy publikaasjes krige George Allen & Unwin ynternasjonale bekendheid. Oare ferneamde skriuwers dy't har wurken by de útjouwerij publisearren, wiene bgl. Bertrand Russell, Roald Dahl en Thor Heyerdahl.
Nei't Rayner Unwin ein 1985 mei pinsjoen gien wie, fúzjearre George Allen & Unwin yn 1986 mei Bell & Hyman en gie it fierder ûnder de namme Unwin Hyman Ltd., mei Robin Hyman as presidint-direkteur. Rayner Unwin wie dêrnei noch in hoartsje foarsitter fan de ried fan bestjoer, in dieltiidfunksje, foar't er him ein 1988 foargoed út it bedriuw weromloek. Neitiid ferkocht Hyman de útjouwerij yn 1990 tsjin Unwin syn beswieren yn oan HarperCollins Publishers, dy't de wittenskiplike non-fiksjedifyzje trochferkocht oan Routledge, en de fûnskatalogus op it mêd fan fantasyliteratuer ûnderbrocht by HarperCollins Science Fiction & Fantasy (no HarperVoyager), sadat de namme George Allen & Unwin yn Grut-Brittanje ophold te bestean. De Australyske ôfdieling kocht himsels yn 1990 lykwols út, en is sûnt in selsstannige útjouwerij ûnder de ferienfâldige namme Allen & Unwin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and sources, op dizze side. |