Springe nei ynhâld

Ferdinand de Jong

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 apr 2022 om 17.41 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ferdinand de Jong
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
berne 22 febrewaris 1969
berteplak It Oranjewâld
wurk
taal Frysk
sjenre Roman
prizen Rink van der Veldepriis 2012

Ferdinand de Jong (It Oranjewâld, 22 febrewaris 1969) is in Frysk skriuwer, dy't op It Hearrenfean wennet.

Fan jongs ôf oan hat De Jong graach lêze mocht. Letter skreau er anonym stikjes foar de doarpskrante. Dêrtroch hie er aardichheid krigen oan it skriuwen; it ferhaal foar de earste roman kaam al rillegau yn 'e holle. Doe't er it klear hie, hie De Jong it foarlein oan Klaas Bruinsma, oersetter fan Grykske en oare klassike talen yn it Frysk. Nei dy syn oanwizings, besleat er mei te dwaan oan it projekt 'Skriuw', in begeliedingsprojekt foar begjinnende skriuwers dat organisearre wurdt troch It Skriuwersboun. De Jong krige dêrby begelieding fan Elske en Marja Schotanus.
Yn 2010 ferskynde De Jong syn debútroman mei de titel Guozzeflecht by de Friese Pers. It is in spionaazjeroman opdield yn trije parten, de earste spilet him ôf yn Sibearje. In jier letter, yn 2011, folge syn twadde roman mei de titel 'It dak fan de wrâld'. It is in boek dat de lêzer meinimt nei de heechste berch fan de wrâld, de Mount Everest. Yn 'e maitiid fan 2012 ferskynde syn tredde roman, De lêste trúk. It boek waard presintearre op 1 juny fan dat jier yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert. Bedoarne hannel waard yn 2014 presintearre yn Boarnburgum en wie syn lêste útjefte by de Friese Pers. Yn 2015 waard De Nova Scotia staazje útjûn troch Bornmeer fan De Gordyk en dêr ek presintearre. It boek is foar in grut part autobiografysk en beskriuwt De Jong syn staazje fan de lânbouskoalle út yn Nova Scotia, Kanada. Yn 2017 krige De Jong in wurkbeurs en koe sadwaande ôfreizgje nei Norilsk yn Sibearje dêr’t er û.o. de noardlikste oerkape iishokkyhal besocht. De Jong rûn al lang mei it idee yn de holle om om in roman oer iishokky te skriuwen en sadwaande ferskynde fan syn hân yn 2018 De tredde perioade, de earste Frysktalige roman oer iishokky. De roman waard tagelyk yn it Hollânsk útjûn en presintearre yn de Business Lounge fan Flyers It Hearrenfean yn Thialf.

Ferdinand de Jong is boeresoan en hat de Middelbere lânbouskoalle folge, mar boer is er nea wurden. Earst hat er in skoft produksjemeiwurker west yn it suvelfabryk fan Wolvegea. Dêrnei siet er alve jier yn de produksje fan feefoer by Koudijs fan Snits. Hy is op 't stuit as lytse selsstannige oan ’t wurk; hy hat in tal tsjerkhôven ûnder behear.

Yn 2012 wûn De Jong de fiifde Rink van der Veldepriis foar syn twadde boek It dak fan de wrâld.

  • 2010: Guozzeflecht
  • 2011: It dak fan de wrâld
  • 2012: De lêste trúk
  • 2014: Bedoarne hannel
  • 2015: De Nova Scotia staazje
  • 2018: De tredde perioade (ek yn it Hollânsk útjûn as De derde periode)
  • 2020: ko-auteur "SC Heerenveen, Een eeuw voetbal"
  • 2021: De museummoard

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]