Irolt
Irolt wie in Fryske muzykgroep dy't begûn yn 1975.
Fan dy tiid ôf wie Nanne Kalma (gitaren, banjo, mandoline, autoharp en sang) de driuwende krêft. Yn de earste besetting spilen ek Geppy Haarsma (akkordeon) en Hans Kerkhoven (gitaren) mei. Yn de begjinperiode spilen ek George Snijder (drums) en Aart Kuyt mei. Soms spile Piet Kok mei. Sûnt 1980 wienen Sytze Wagemakers (akkordeon) en Jan Ottevanger (basgitaar, gitaar en tuba) fan de partij. Oant 1983 wie Inez Timmer sjongster by dizze bekende folkgroep. Dêrnei naam Ankie van der Meer dy taak oer.
De earste lp fan de folkgroep, De Gudrun sêge mei teksten fan Sybe Krol, Jan Tulp en Herke Wijnalda, krige daliks al lanlike oandacht.
Irolt krige lanlike bekendheid en trede ek op folkfestivals yn Ingelân op. Yn 1979 ferskynt de lp De smid fan Earnewâld. Muzyk is wer fan Kalma, de teksten binne foar it grutste part fan Pyt Jon Sikkema, wylst Hessel van der Wal en Herke Wijnalda elk ien lekst en Sybe Krol twa teksten skreaun hawwe. Dy teksten lizze yn itselde flak as dy fan de oare beide Irolt-platen: lange - oer 't generaal lugubere - ferhalen oer moard, spûkerij, iensumens, ivichheid en oarloch yn it Fryslân fan in pear iuwen lyn.
Yn 1984 brocht Irolt de lp Doarmje út mei toansetten teksten fan de Fryske dichteresse Berber van der Geest.
De groep stoppe yn 1987. Nanne Kalma en Ankie van der Meer spylje no yn Kat yn 't Seil. Kerkhoven spilet yn Kalis en Ottevanger yn Om 'e Noard.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Singles:
- Gurbe & Loltsje (LC)
- De bûzehappert (LC, 1977)
LP's:
- Gudrun sège (Universe HOT 107, 1975)
- Kattekwea (Philips 6416 113, 1977)
- De smid van Earnewâld (Philips 6423 300, 1979)
- Bûter tsjerne (Universe DLS 89, 1982)
- De spylman(Universe DLS 90, 1983)
- Doarmje (Universe DLS 91, 1984)
- Wêr sille wy ûs nei wenjen sette? (Universe DLS 92, 1985)
CD mei lieteboek:
- Ier of let (4-CD Universe CDLS 94117 21/24, 1994)
CD tegearre mei oaren:
- Dutch rare folk (2-CD Food for thought FFT 7060157, 2007)