Springe nei ynhâld

De Hûnekop

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 mrt 2022 om 11.21 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) ([[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Hûnekop
band
De Hûnekop yn Simplon, Grins yn 2019
De Hûnekop yn Simplon, Grins yn 2019
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjenre arbeidersrock, rûchhouwersmuzyk
bestean 2009[1] – no
webside www.dehunekop.nl
leden
Sjonger Emiel Stoffers
Drums Bart Scheffers
Kontrabas Rik Alstra
Gitaar Jeroen Seinstra

De Hûnekop is in Fryske muzykband. Harren muzykstyl wurdt arbeidersrock as ek rûchhouwersmuzyk neamd.

De band hat fjouwer leden, te witten:

  • Emiel Stoffers (sjonger, gitaar)
  • Bart Scheffers (drums)
  • Rik Alstra (kontrabas)
  • Jeroen Seinstra (elektrysk gitaar)

Yn 2008 en 2009 die Emiel Stoffers by syn reis troch Austraalje ynspiraasje op mei muzyk fan Hank Williams en Johnny Cash. Nei syn weromkommen yn Fryslân waard mei Rik Alstra en Bart Scheffers de band De Hûnekop noch yn 2009 oprjochte.[1] It earste gruttere muzykbarren dêr't de band oan meidie wie yn 2009 by it Freeze Festival yn Ljouwert.[2]

Yn desimber 2010 wûn De Hûnekop de Fryslân Pop Talent Award.[3] Nei de poppriis yn Ljouwert waard de band stadichoan bekender. Op 25 april 2011 spile De Hûnekop foar it earst op Aaipop.[4] Yn de maitiid/simmer fan 2011 wurke de band mei oan it 'Fryske Cash Projekt', mei nûmers fan Johnny Cash yn it Frysk. De CD-presintaasje fan de Fryske Cash wie 9 july 2011 yn Snits.[5] De twadde folslein eigen CD, Wanklanken fan 'e wurkflier, waard op 16 july 2011 presintearre op harren eigen Hûnekopfestival yn Burgum.

By it 2e Hûnekopfestival op 20 oktober 2012 waard de tredde CD fan De Hûnekop presintearre mei de titel Psalms foar de Rûchhouwer. As promoasje foar it festival hie de band twa dagen lang syn eigen radiostasjon mei de namme Hûnekop FM yn 'e ether.[6] Yn 2013 joech de band mear as 50 optredens. Op 12 oktober 2013 waard it tredde Hûnekopfestival yn it WTC Expo holden. It Hûnekopfestivel mei de band Strawelte hie sa'n 1.500 besikers en wie fuort ek it grutste konsert fan dat jier.[7]

Yn maart 2014 ferskynde in dûbel-cd mei as namme "Fiif Jier Smoar". It is in sammel-album wurden mei de meast populêre nûmers fan de Hûnekop en is útbrocht mei it nije fêste bandlid Jeroen Seinstra (elektrysk gitaar). Mei it útbringen fan "Fiif Jier Smoar" sette ek de "Fryslan Toer 2014" útein. Dêrneist begûn de band yn 2014 ek mei in rige konserten bûten de provinsje Fryslân.

Albums

  • It raast oan de protters (2010)
  • Wanklanken fan 'e wurkflier (july 2011)
  • Psalms foar de Rûchhouwer (oktober 2012)
  • Fiif Jier Smoar (maart 2014)
  • De Klompetreen (2016)
  • Monsterachtich (2019)
Gearwurkingsprojekten
  • Fryske Cash mei it nûmer Drugsrotsoai en it nûmer Marwei blues (july 2011)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Ljouwerter Krante: In echte wâldpyk fan 22-04-2011
  2. Ljouwerter Krante: Freeze: een dorpsfeest, maar dan hip fan 28-09-2009
  3. friespopnet.nl Fryske Pop Awards 2010
  4. Ljouwerter Krante: Ferjonge publyk op 24-jierrich Aaipop fan 26-04-2011
  5. CD Presentatie Fryske Cash yn De weekkrant Fryslân
  6. Omrop Fryslân webside: Hûnekop op eigen FM-stjoerder
  7. Omrop Fryslân: Toer Strawelte ôfsletten (skreaun: 13 oktober 2013, lêst sjoen: 1 desimber 2013)