Springe nei ynhâld

Ried fan Fjouwerenfjirtich

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 mrt 2022 om 08.30 troch Minorax (oerlis | bydragen) (fix lint)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Council of Forty-four
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
   ● Noardlik Sjajinsk
   ● Súdlik Sjajinsk
type org. regearingsrie
wurkmêd bestjoer fan de Sjajinnen
haadkertier Lame Deer (Montana)
Concho (Oklahoma)
off. taal Sjajinsk, Ingelsk
offisjele webside
n.f.t.

De Ried fan Fjouwerenfjirtich (neamd nei it tal leden) wie fan oarsprong ien fan 'e beide sintrale bestjoersynstellings fan 'e Sjajinnen, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten.

As oerlisorgaan fan 'e opperhaden, dy't fierhinne ta de âlderein hearden, funksjonearre de Ried fan Fjouwerenfjirtich tradisjoneel njonken de Sjajinske krigersgenoatskippen, lykas de Hûnskrigers, dêr't de jongerein yn fertsjintwurdige wie. Geandewei de njoggentjinde iuw, neigeraden dat de blanke kolonisten almar fierder it lân fan 'e Sjajinnen ynkrongen en stielen, ferlear de almeast freedsume Ried fan Fjouwerenfjirtich oan ynfloed wylst de folle radikalere krigersgenoatskippen machtiger waarden. Dy ûntwikkeling waard yn 'e hân wurke troch ferskate slachtings dy't de blanken ûnder de Sjajinske befolking oanrjochten, lykas it Bloedbad fan Sand Creek, fan 1864. Doe't stadichoan bliken die dat de Amerikanen harren neat gelegen lizze lieten oan 'e ferdraggen dy't se mei de opperhaden sletten hiene, betsjutte dat de deastek foar de macht fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich.

De Ried fan Fjouwerenfjirtich wie gearstald út opperhaden dy't de tradisjonele tsien subgroepen fan 'e Sjajinnen fertsjintwurdigen:

  • de Hévhaitanio (of Heévâhetaneo'o)
  • de Heviqs-nipahis
  • de Hisíometanio (of Hesé'omeétaneo'o)
  • de Hónowa (of Háovôhnóva)
  • de Masikota
  • de Oivimána (of Oévemana)
  • de Omísis (of Ôhmésêheseo'o)
  • de Oqtóguna
  • de Sûtajo (of Só'taeo'o)
  • de Wotápio

Eltse subgroep wie yn 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich fertsjintwurdige troch fjouwer opperhaden, en de lêste fjouwer leden waarden foarme troch de saneamde 'heechste opperhaden' of "âlde mannen", dy't har earder ûnderskaat hiene mei har rol yn 'e Ried as fertsjintwurdiger fan ien fan 'e tsien subgroepen. De leden fan 'e Ried wiene ornaris âldere manlju dy't grut respekt ôftwongen hiene yn harren respektivelike groepen. Mei-inoar wiene hja ferantwurdlik foar it deistich bestjoer fan it Sjajinske folk en droegen se der teffens soarch foar dat ynterne strideraasjes tusken de Sjajinske subgroepen net oanboazje koene ta wapene konflikten. De leden fan 'e Ried waarden net keazen, mar oanwiisd troch harren foargongers, en se tsjinnen yn 'e regel tsien jier, wêrby't eltse fjouwer jier in gearkomste fan 'e hiele Ried organisearre waard. In protte leden hiene earder ta ien fan 'e krigersgenoatskippen heard, mar as se oanwiisd waarden as lid fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich waarden se achte har genoatskipslidmaadskip op te jaan.

Moderne weroplibbing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjinwurdich ûnderhâlde de beide federaal erkende Sjajinnestammen, de Noardlike Sjajinne Stamme (fan Montana) en de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma, allebeide harren eigen Ried fan Fjouwerenfjirtich as tradisjonele bestjoersynstelling. De opperhaden wurde no keazen troch de leden fan 'e oangeande stamme. De Ried fan Fjouwerenfjirtich fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme omfettet û.m. de eardere senator Ben Nighthorse Campbell, wylst de Ried fan Fjouwerenfjirtich fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma û.o. bestiet út 'e eardere plysjeman Harvey Pratt en âld-museumdirekteur W. Richard West jr.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.