XBIZ
XBIZ | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | media foar de pornoyndustry | |
haadkertier | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1998 | |
oprjochter | Alec Helmy | |
mem | Adnet Media | |
offisjele webside | ||
www.xbiz.com |
XBIZ, ek skreaun as Xbiz (útspr.: ['ɛkzbɪz], likernôch: "eks-biz"), is in Amerikaanske útjouwerij fan nijs en sake-ynformaasje oer de Amerikaanske pornoyndustry. De namme ferwiist dêr ek nei: de x stiet foar "pornografy" en biz is in ôfkoarting fan it Ingelske wurd business, "saken". It wichtichste ûnderdiel fan XBIZ is de webside Xbiz.com. Dêrnjonken publisearret it bedriuw twa papierrene fakblêden dy't ienris yn 'e moanne útkomme, organisearret it twa kear yn 't jier (yn 'e simmer en by 't winter) in fakbeurs, en fasilitearret it gearwurking en it lizzen fan nije kontakten yn 'e pornoyndustry troch in business-to-business-beropsnetwurktsjinst. XBIZ is de hannelsnamme fan Adnet Media, in bedriuw dat yn 1998 oprjochte waard troch Alec Helmy, in kenner fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- webside:
- Xbiz.com, in webside mei berjochten oer de Amerikaanske pornoyndustry, wêrûnder nijsartikels, eftergrûnartikels, blochs, data en algemiene ynformaasje oer oankommende eveneminten, berjochtebuorden en in yngeande adresselist fan 'e hiele Amerikaanske pornoyndustry.
- Xbiz.net, in business-to-business-beropsnetwurktsjinst foar de Amerikaanske pornoyndustry dy't lju mei wurk yn 'e sektor mei-inoar yn kontakt bringt en sa nije saaklike kânsen skept.
- útjeften:
- XBIZ Premiere Magazine (foarhinne XBIZ Video), in fakblêd dat ienris yn 'e moanne útkomt, en bedoeld is foar de detailhannelkant fan 'e pornoyndustry. Dêryn wurde nije films, nije soarten seksboartersguod en oare nije produkten beskreaun.
- XBIZ World Magazine, in fakblêd dat ienris yn 'e moanne ferskynt en bedoeld is foar de digitale sektor fan de pornoyndustry. Dêryn steane nijsberjochten oer it ynternet en technology, berjochten oer merkanalyze, trendrapporten en fraachpetearen mei trendsetters út 'e pornoyndustry.
- eveneminten:
- útrikking fan 'e XBIZ Awards, de útrikkingsseremoanje fan 'e prizen dy't XBIZ oan 'e pornoyndustry tapartet.
- XBIZ Forum, in trijedeisk sakefoarum en netwurkevenemint foar lju dy't beropsmjittich by de Amerikaanske pornoyndustry belutsen binne, yn it Hard Rock Hotel and Casino by Las Vegas.
- XBIZ L.A. Conference, in fakbeurs foar minsken dy't yn de Amerikaanske pornoyndustry wurkje, dat holden wurde yn Los Angeles, en dat lêzings, útstallings, workshops, taspraken en netwurkeveneminten omfiemet.
- oar:
- XBIZ Newswire, in newswire- en RSS-tsjinst foar de Amerikaanske pornoyndustry.
- XBIZ Research, in profesjoneel ûndersyksprogramma op it mêd fan 'e ekonomyske merk foar de Amerikaanske pornoyndustry.
XBIZ Awards
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side XBIZ Awards.
De XBIZ Awards, ek skreaun as Xbiz Awards, binne in groep prizen dy't troch XBIZ ienris yn it jier takend wurde foar de bêste prestaasjes op it mêd fan 'e pornoyndustry fan it foargeande jier. De prizen wurde útrikt foar pornofilms, akteurs, regisseurs en in grut tal oare kategoryen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|