Springe nei ynhâld

Noardertsjerke (Drachten)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 feb 2022 om 12.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Noardertsjerke
bouwurk
De tsjerke nei de ferbouwing yn 1961
De tsjerke nei de ferbouwing yn 1961
lokaasje
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Stasjonswei 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1844
1959/60 (fergrutte en by de tiid brocht)
sloopjier 1998
arsjitekt J. Bosma (1959/60)

De Noardertsjerke is in eardere grifformeard tsjerkegebou yn Drachten yn de gemeente Smellingerlân.

Yn 1844 waard in lytse sealtsjerke mei in lantearne set foar de ôfskieden gemeente dy't ynearsten gearkaam yn in skuorre oan de Noarderdwersfeart yn Drachten. Op 9 novimber 1844 waard de tsjerke yn gebrûk naam. Yn 1880 krige de tsjerke twa kreaken. Yn 1884 kaam der in oargel dat yn Purmerein kocht wie. Under mear om it oargel plak jaan te kinnen waard de tsjerke fergrutte. De romte bleau lykwols krap dat yn 1914 waard de tsjerke nochris fergrutte oant 800 sitplakken.

De grutste ferbouwing wie yn 1959-60. De tsjerke waard bot ferbrede en modernisearre; fan de âlde tsjerke bleau net folle oer. It oargel waard yn 1978 makke troch Pels & Van Leeuwen. It bedriuw makke dêrby gebrûk fan it eardere oargel fan J. Reil (1949) en de oargelkast fan L. van Dam en Soannen (1845) út de Evangelysk-Lutherske tsjerke fan Harns. It oargel waard yn 1997 door Bakker & Timmenga oerset nei de nije tsjerke De Oase yn Drachten.[1]

De tsjerke waard yn 1998 ôfbrutsen. De Grifformearde tsjerke fan Fryske Peallen naam de banken oer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wolthuis, L.J. Kerkgebouwen in gebruik (geweest) yn Kerk te kijk, 150 jaar Gereformeerde Kerk van Drachten 1844-1994
  1. orgbase.nl