Springe nei ynhâld

Evangelysk-Lutherske tsjerke (Harns)

Ut Wikipedy
Evangelysk-Lutherske tsjerke (Harns)
bouwurk
lokaasje
plakHarns
adresSimon Stijlstraat 2
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1879
Restauraasje 1977
arsjitektJ. en J. Posthumus
boustylNeogoatysk
monumintale statusGemeentlik monumint

De Evangelysk-Lutherske tsjerke is in tsjerkegebou yn Harns yn de provinsje Fryslân.

Gevelstien

De sealtsjerke út 1879 waard boud nei ûntwerp fan de bruorren J. en J. Posthumus. De arsjitekten lieten har ynspirearje troch in Ingelske neogotyske boustyl. De eardere tsjerke waard yn 1977 ferboud ta wen- en winkelpân. It oargel út 1845 waard makke troch L. van Dam en Soannen. De oargelkast waard yn 1978 brûkt foar in oargel yn de Noardertsjerke fan Drachten.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

Noat