Greetsiel
Greetsiel | ||
It histoaryske sintrum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Landkreis | Auwerk | |
Gemeente | Krummhörn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1450 (2012) | |
Oerflak | 15,17 km² | |
Befolkingsticht. | 96 / km² | |
Hichte | 1 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26736 | |
Offisjele webside | ||
greetsiel.de |
Greetsiel is in havenplakje yn Dútslân. It plak leit oan de Leybocht yn it westen fan East-Fryslân. Der wenje likernôch 1.450 minsken (2012). Greetsiel is fierhinne it meast toeristyske plak fan de gemeente Krummhörn. Neist it toerisme spilet de garnalefiskerij ek in wichtige rol yn de lokale ekonomy.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Greetsiel komt foar it earst foar yn brieven út 1388 (Okko I tom Brok). Skippen út Hamburch leinen doe yn de haven fan Greetsiel foar anker en moasten tol betelje. It plak waard fan it domein Appingen út stifte troch de Sirksena's, in East-Fryske haadlingefamylje. Doe't Appingen hieltyd minder wichtiger waard, waard Greetsiel it plak fan de haadlingen. Greve Edzard I waard yn 1462 yn de stins fan de Sirksena’s berne. Under dizze hearskippij soe East-Fryslân rinne fan de Wezer oant Grins. Yn 1547 waard Ubbo Emmius yn Greetsiel berne.
Omdat de kommunistyske beweging yn Greetsiel aardich sterk wie, waard in diel fan de kommunisten troch de nazi's oppakt. Op syn minst 14 twangsarbeiders waarden registrearre. De measten kamen út Poalen, Ruslân en de Oekraïne. Yn in barak oan 'e seedyk waarden sa'n 30 Frânske en Belgyske kriichsfinzenen ûnderbrocht. Letter yn 'e oarloch krige Greetsiel in strafkamp. It strafkamp hie tusken de 40 en 60 finzenen, sa'n 70 prosint dêrfan wie Russysk of Oekraynsk. By bombardeminten yn 1942 waarden fjouwer huzen ferneatige en noch mear skansearre. It grutste diel fan it histoaryske sintrum is bewarre bleaun.
Greetsiel leit sûnt 1972 yn de gemeente Krummhörn, dêrfoar wie it plak in selsstannige gemeente. Om deselde tiid komt it toerisme yn Greetsiel op gong.
Befolkingsûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
Wichtige plakken en gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Greetsiel is hjoed de dei in toeristysk plak mei in stik as wat toeristyske attraksjes. Bygelyks:
- De haven fan Greetsiel
- De Twillingmûnen.
- De tsjerke.
- De Poppingas Alde Bakkerij.
- De âlde syl (1798)
- De nije syl (1887)
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ôfstân ta de stêden Emden en Norden is 15 en 20 kilometer. Fan 1906 oant 1963 hat der in meterspoarferbining mei Pewsum en Emden west. Tsjintwurdich fersoargje bussen de ferbinings mei dizze plakken en mei Norden.
-
Benoarden Greetsiel
-
Greetsiel yn de 17e iuw (J.Blaeu).
-
Bertehûs fan Ubbo Emmius