Springe nei ynhâld

Tryntsje Nauta

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 nov 2021 om 22.48 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kopke)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tryntsje Nauta
keunstner
persoanlike bysûnderheden
berne 1981
berteplak Bitgummole
wurkpaad
wurksum as fotograaf
perioade sûnt 2008
streaming minsklike emoasjes en relaasjes, miljeu, ekology, moade
bekendste
  wurk(en)
Oranjekoek
offisjele webside
http://www.tryntsje.nl/

Tryntsje Nauta (Bitgummole, 1981) is in Fryske fotograaf út Ljouwert.[1]

Tryntsje Nauta groeide op yn Bitgummole en studearre nei it Ulbe van Houten Kolleezje en it CSG oan de PABO fan de Kristlike Hegeskoalle Noard yn Ljouwert. Dêr die se in fotografykursus en folge op sneon de foaroplieding fan de Keunstakademy. Dêrnei studearre se Lytskeunst oan de Hegeskoalle Minerva oan de Hanze hegeskoalle yn Grins mei spesjalisaasje Fotografy. Yn 2008 wie se klear mei har masterstúdzje fotografy oan de Post-St Joost Akademy yn Breda. Se studearre dêr ôf mei in searje ynkringende portretten fan bern.

As byldzjend keunstner wurket hja mei fotografy as medium. Har fotorigen toane faak de minsk en syn omjouwing yn de foarm fan dokumintêre (portret)fotografy. Tema’s yn har wurk binne minsklike emoasjes en relaasjes, miljeu en ekology, mar ek moade.

Nauta wurket oan frije projekten en yn opdracht. Sa wurke hja foar opdrachtjouwers lykas De Correspondent, Merk Fryslân, Ferslavingssoarch Noard Nederlân, Noorderlicht, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018, Keramiekmuseum Princessehof, De Moanne magazine, Ministearje fan VROM De Haach, Tryater en strjitkrante De Riepe. Foto's fan har binne ûnderdiel fan de kolleksjes fan it Frysk Museum, Finzenissmuseum Feanhuzen, Museum Martena en de Hanze Hegeskoalle.

Projekten (in karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2013 oant 2016 die hja mei Auke Zeldenrust in tal projekten:

Foar it Keunstprojekt De zee roept makke lietsjesskriuwer Meindert Talma muzyk by foto’s dy’t Tryntsje Nauta makke hie fan learlingen fan de seefeartskoalle op Skylge. Tegearre fertelden se it ferhaal fan jonge minsken dy’t fêst beret binne om in grut part fan harren libben op see troch te bringen. It projekt waard nomineare foar de Vredeman de Vries Priis 2011.

Dorp achter tralies

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar Dorp achter tralies gie se nei de finzenis De Marwei yn Ljouwert. Dêr sieten 248 manlju fêst foar delikten, lykas dieven, drugshannelers, beropskriminelen en moardners. Yn de mande mei de minsken dy’t yn de finzenis wurken, foarmen de finzenen in aparte mienskip: in doarp efter traaljes. Yn it boek fan Auke Zeldenrust toane de foto’s it spoar fan leed en fertriet. Tryntsje Nauta ferlear krektas de portrettearren yn dit projekt har frijheid: de finzenen moasten ûnwerkenber yn byld brocht wurde. Hja keas dêrom om de minsken net fan foaren, mar ek diels fan fansiden en fan efteren te fotografearjen.

Huis van een dakloze

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Ljouwerter opfanghûs De Terp wenje dakleazen, apartelingen, swalkers, ferslaafden en minsken dy’t domwei tsjinslach hân hawwe yn it libben. Yn it boek Huis van een dakloze toane de foto’s fan de bewenners harren minsklike gesicht.

Lângoed fan ferlangen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boek ‘Landgoed van Verlangen’ fan Auke Zeldenrust beskriuwt en toant de persoanlike ferhalen fan (eks) ferslaafden dy’t yn de âldste ôfkickklinyk fan Nederlân sieten of sitte. Nauta makke mei Marieke Kijk in de Vegte de foto's voor dit boek dat yn opdracht makke waard.

As fotograaf begrypte hja net rjocht wêrom’t de ambachtlike oranjekoeke net sa bekend is yn Nederlân lykas de Limburchske flaai. Oranjekoeken hawwe in soad ferskiningsfoarmen. Yn in ta fotostudio omboud buske gie se op besite by trijeennjoggentich bakkers om harren oranjekoeke te fotografearjen. Se woe dêrmei it Fryske produkt lanlik op de kaart sette. Omdat it tal ambachtlike bakkers hurd weromrûn woe Nauta mei dit boek en in stikje bakkersskiednis fêstlizze. Nei in televyzje-reportaazje yn de lanlike media gie it hurd mei har boek oer Oranjekoek. [2]

  • Lângoed fan ferlangen, yn gearwurking mei Auke Zeldenrust en Marieke Kijk in de Vegte (2015)
  • Oranjekoek (2014)
  • Hûs fan de dakleaze, yn gearwurking mei Auke Zeldenrust (2013)
  • Doarp efter traaljes, yn gearwurking mei Auke Zeldenrust (2013)
  • New Dutch Photography Talent 2012 (GUP-magazine) (2012)
  • De Zee Roept, yn gearwurking mei muzikus Meindert Talma (boek en cd) (2011) [4]
  • Trochtekening, publikaasje fan de Trochtekening projekt yn gearwurking mei Erika Blikman (leporello) (2010)
  • Ray, eineksamenkatalogus, St.Joost Master Photography (2008)
  • Yangzhou - portret fan in stêd, boek oer Yangzhou (Sina), publisearre troch de Council of Breda yn gearwurking mei Art Academy St.Joost (2008)
  • Famylje yn Byld – Vriesendorp út Dordrecht. Publisearre troch Maartje van den Heuvel, Moniek Peters en Reinout Vriesendorp (boek, 2007)
  • Eineksamenkatalogus, Akademy Minerva Grins (2006)
  • Yn Fotoflecht, Grins fotografy (katalogus en cd mei ynterview)
mei Auke Zeldenrust

Tentoanstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurk fan har waard ûnder oare tentoansteld by Fotomuseum Den Haag, it Frysk Museum, it Amsterdamsk Sintrum foar Fotografy, it eardere Nederlânsk Fotomuseum Rotterdam, Pakhûs de Zwijger Amsterdam en Noorderlicht Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes