August Eduard Zimmerman
August Eduard Zimmerman | ||
politikus | ||
Zimmerman om 1900 hinne | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 13 septimber 1861 | |
berteplak | Amsterdam | |
stjerdatum | 30 desimber 1926 | |
stjerplak | Felp | |
Boargemaster fan Hoarn | ||
amtsperioade | 1891-1904 | |
Boargemaster fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1904-1911 | |
Boargemaster fan Sutfen | ||
amtsperioade | 1911-1917 |
August Eduard Zimmerman (Amsterdam, 13 septimber 1861 - Felp, 30 desimber 1926) wie in Nederlânske boargemaster.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zimmerman waard berne yn Amsterdam as soan fan Johan Carl Zimmerman - keapman en meiredakteur fan De Gids - en Suzanna Jacoba Vrolik. Hy wie in broer fan de politikus Alfred Rudolph Zimmerman. Hy gie by de marine en waard luitenant op see. Oer syn tochten nei East-Ynje skreau er artikelen dy't yn Eigen Haard publisearre waarden.
Nei syn ferloving mei Jacoba Elisabeth barones fan Rhemen (fan kastiel De Gelderske Toren), ferliet er de marine. Hy gie oan de slach as folontêr op de gemeentesekretary fan Brummen. It pear troude yn 1890.
Zimmerman waard yn augustus 1891 beneamd ta boargemaster fan Hoarn. Hy wie boppedat lid fan de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân. Yn 1904 ferruile er it boargemastersamt fan Hoarn foar dat fan Ljouwert. Sân jier letter gie er nei de gemeente Sutfen.
Yn 1917 waard him, op syn fersyk, earfol ûntslach jûn .