Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Critzum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 nov 2021 om 14.09 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Ynterieur)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tsjerke fan Critzum

Critzumer Kirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Critzum
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status Kultuermonumint
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De Tsjerke fan Critzum (Dútsk: Critzumer Kirche) is in protestantsk tsjerkegebou yn Critzum yn de gemeente Jemgum yn de Eastfryske lânkring Lier. De tsjerke waard yn de 13e iuw op in terp boud.

Yn 'e midsiuwen foel Critzum ûnder de proasdij Hatzum fan it bisdom Münster. Mei de reformaasje gyng de gemeente oer op de grifformearde lear. Sûnt 1555 binne de nammen fan de predikanten byholden.

Oargel

De sealtsjerke waard yn de 13e iuw yn it sintrum fan it doarp op in rûne terp boud en tsjinne foar de lokale haadlingen as wartsjerke. Hjoed-de-dei is de tsjerke noch mei in brede grêft omfieme. It gebou wurdt oan de eastlike kant troch trije swiere steunbearen ûnderstipe. De lytse rûnbôgige finsters en portalen yn de lingtemuorren binne letter tichtmitsele, mar oan de súdlike kant binne de romaanske finsters bewarre bleaun.

Yn de 15e iuw fûn in grutte ferbouwing plak. De plompe klokketoer fan it "sletten type" soe eartiids heger west ha en foar de skippen op de Iems as fjoertoer tsjinne ha. Sûnt 1917 mist de 13e-iuwske klok, dy't nei alle gedachten doe omraand waard foar wapens.

Yn it ienfâldige ynterieur stiet in wyt-ferve preekstoel mei fergulde aksinten. De preekstoel datearret út de twadde helte fan de 17e iuw en is fersierd mei froulike fabelbisten, mooglik sfinksen of sirenen. Nei in renovaasje telt de tsjerke noch mar ien sark, dy't yn it middenpaad leit. Fan it liturgyske reau besit de tsjerke in beker út 1668, in yn 1783 skonken skaal, in tinnen doopskaal (1831) en in nijsulveren kanne (1869).

It oargel waard as skoaloargel yn 1853 troch Christian Heinrich Wolfsteller yn Hamburch boud. It ferhûze yn 1939 nei de tsjerke fan Critzum, dêr't de firma Eberhard Friedrich Walcker it oargel mei behâld fan it neogoatyske front ferboude. De Krummhörner Orgelwerkstatt renovearre it ynstrumint.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Side Evangelisch-reformierte Gemeinde Critzum