Lord
Lord (útspr.: [lɔː(ɹ)d], likernôch: "lô(r)d") is in Ingelsktalige aadlike titel dy't oerset wurde kin as "hear". Dizze titel fynt syn oarsprong yn Ingelân, mar wurdt ek yn oare dielen fan it Feriene Keninkryk brûkt. Yn it Ingelsk wurdt de titel altyd mei in haadletter skreaun (as Lord), mar mei't titels yn it Frysk en Nederlânsk net mei haadletters skreaun wurde, hoecht dat gebrûk net oernommen te wurden. De byhearrende oansprektitel is milord, útsprutsen as [mai̭ˈlɔːd] (likernôch: "mai-lôd) of as [miˈlɔːd] (likernôch: "mi-lôd). It froulike ekwifalint fan lord is lady.
De Skotske titel laird is gjin synonym fan lord (hoewol't de beide wurden wol fan deselde oarsprong komme), mar ferwiist nei de eigner fan in lângoed dy't as sadanich erkend is troch it Hof fan de Lord Lyon, de heechste autoriteit op it mêd fan 'e Skotske heraldyk. Men soe in laird ferlykje kinne mei in Fryske jonker.
De term lord wurdt lykwols brûkt as in generike oantsjutting foar leden fan 'e adel, sa't bgl. bliken docht út 'e Ingelske namme fan it Hegerhûs fan it Britske Parlemint, House of Lords, dat net "Hûs fan 'e Hearen" betsjut, mar "Hûs fan 'e Eallju". Yn it Feriene Keninkryk bestiet de adel út fiif rangen; fan heech nei leech binne dat hartoch (duke), markys (maquess), greve (earl), boarchgreve (viscount) en baron (baron). De titel lord wurdt it meast brûkt foar baronnen, dy't eins mar komselden mei harren formele en wetlike titel oantsjut wurde. In bekend foarbyld is de skriuwer Alfred Lord Tennyson, dy't eins Alfred, 1e baron Tennyson wie.
Neffens it gesachhawwende wurdboek Oxford Dictionary of English kin de etymology fan it wurd lord weromfolge wurdt nei it Aldingelske hlāford, dat weromgiet op 'e eardere foarm hlāfweard. Yn modern Ingelsk soe dat wurd werjûn wurde kinne as loaf-ward, wat letterlik oerset wurde kin as "breawarder", oftewol "breawinner".
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |