Sjitsport op de Paralympyske Simmerspullen
Sjitsport is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.
Klasifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it klasifikaasjesysteem kinne sjitters mei ferskeidene beheinings tegearre stride, itsij yndividueel, itsij yn teams. Ofhinklik fan de beheinings wurde de sjitters sûnt de Spullen fan Barselona yn 1992 yn trije kategoryen yndield;
- SH1: sjitters dy’t gjin artifisjele wapensteun nedich hawwe.
- SH2: sjitters dy't in wapensteun nedich hawwe, omdat se net by staat binne om it gewicht fan in wapen te tôgjen.
- SH3: sjitters mei in fisuele beheining. (sûnt de Spullen fan 2000 net mear aktyf op de Paralympyske Spullen)
ûnderdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de Spullen binne der ûnderdielen foar luchtgewearen en foar pistoalen. Ek binne der trije ferskillende ôfstannen; 10, 25 en 50 meter. De regels fariearje per geweartype, de ôfstân, de sjithâlding, it oantal skotten en de tiidslimyt. Der wurdt op in fêst doel sketten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sjitsport stiet sûnt 1976 yn Toronto op it Paralympyske programma. Fjouwer jier letter tidens de Spullen fan 1980 yn Arnhim diene de froulju foar it earst mei en wiene der mingde ûnderdielen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |