Jack de Vries
Jacob Gabe (Jack) de Vries (Drachten, 25 july 1968) wie in Fryske politikus foar it CDA. Jack de Vries is troud en hat twa soannen. Hy is lid fan de Nederlânsk Griffoarmearde Tsjerken.
Hy wie fan 1 desimber 2005 oant 30 maart 2007 as kampanjelieder yn tsjinst en jildt as de arsjitekt fan it goede resultaat fan it CDA by de Twadde Keamerferkiezingen 2006. Earder wie De Vries foarljochter fan de CDA-fraksje en persoanlik polityk adviseur fan premier Jan Peter Balkenende. Fan 18 desimber 2007 oant 14 maaie 2010 wie hy steatssekretaris fan it ministearje fan Definsje yn it kabinet-Balkenende IV. Hjirmei wie hy de opfolger fan partijgenoat Cees van der Knaap.
Libbensrin
De Vries studearre politikology oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy waard yn 1992 foarsitter fan it CDJA en wie yn dy perioade teffens persoanlik meiwurker fan Keamerlid Helmer Koetje. Nei syn stúdzje yn 1992 gie hy yn militêre tsjinst en waard dêrnei berops-bepaalde-tiid (BBT). By de lânmacht wie hy ek foarljochter/sjoernalist. Yn 1995 waard De Vries foarljochter by de Stifting Philadelphia Soarch yn Nunspeet. As lid fan it CDA-partijbestjoer bleau hy lykwols belutsen by de polityk.
Yn 1997 kaam De Vries opnij yn tsjinst by it CDA, doe't hy foarljochter waard fan de fraksje yn de Twadde Keamer. Hy tsjinne efterinoar fraksjelieders Enneüs Heerma en Jaap de Hoop Scheffer. De Vries besocht it CDA, dat op dat stuit yn de opposysje siet, mear pro-aktyf te meitsjen nei de media ta. Neidat De Hoop Scheffer yn oktober 2001 as fraksjelieder oan de kant skood waard, die ek De Vries desillusionearre in stap werom. De nije fraksjefoarsitter Jan Peter Balkenende helle him lykwols al gau werom as persoanlik adviseur. Doe't Balkenende yn 2002 premier waard, naam hy De Vries mei nei it ministearje fan Algemiene Saken as syn politike rjochterhân. De Vries hold him yn dy funksje dwaande mei de partijpolitike kant fan syn baas. De Vries gou as it skaad fan Balkenende, omdat er altyd yn de buert fan de premier wie. In oare bynamme fan him wie Jack it Lek, omdat hy as 'betroubere boarne' of 'ynwijde' geregeldwei kranten en tf-programma’s ynformaasje út de rûnten om de premier hinne yn 'e hannen spylje hawwe soe.
Troch syn romme ûnderfining binnen it CDA en syn strategyske kennis fan de media waard De Vries yn 2005 beneamd ta kampanjelieder fan it CDA. Hy waard dêrmei ferantwurdlik foar de Nederlânske gemeenteriedsferkiezings 2006, de Twadde Keamerferkiezings 2006 en de Provinsjale Steateferkiezings 2007. De Vries wie oant maart 2006 gemeenteriedslid yn Leiderdorp. Hy boekte it súkses dat er Balkenende út in ûnmooglike posysje wei omheech triuwe koe; syn kampanjeidee like wat op dat fan Ronald Reagan by syn werferkiezing ("Morning in America"). It súkses fan it CDA waard benammen op it konto fan spindoctor De Vries skreaun. Hy betocht yn de rin fan de kampanje foar de deiske parsekonferinsje it ûnderdiel 'draaipunt fan de dei': wêroer wie PvdA-listlûker no wer fan miening oer feroare? Wouter Bos krige hieltiten mear it imago fan 'draaikont' en Balkenende fan 'beslútfeardich en betrouber'. Nei de beëdiging fan it kabinet-Balkenende IV soarge De Vries foar de kommunikaasje om de "hûndert dagen -kampanje"hinne. Nei 1 oktober 2007 luts er him werom út oerheidstsjinst, en gie oan it wurk by advysburo Boer & Croon.
Fuort dêrnei, op 7 desimber 2007, waard troch it regear meidield dat De Vries de nije steatssikretaris fan Definsje yn it kabinet-Balkenende IV wurde soe. Hy folge dêrmei Cees van der Knaap op, dy't op 21 jannawaris 2008 as boargemaster fan Ede ynstallearre is.[1] Op 18 desimber 2007 waard De Vries troch Keninginne Beatrix beëdige. As steatssekretaris wie hy ûnder mear ferantwurdlijk foar it personielsbelied fan Definsje en de materieelfoarsjenning. Hy presintearre yn 2008 in aksjeplan om it personielstekoart oan te pakken.
Hy trede op 14 maaie 2010 ôf as steatssekretaris neidat er mei syn persoanlike adjudant omslein hie. Hy hie mei har in pear kear op wurkbesite west nei Afganistan. Omdat syn frou him de doar útsetten hie, en syn wenplak oan hege feilichheidseasken foldwaan moast om syn funksje as steatssekretaris fan Definsje, moast hy inkele wiken sliepe yn de Frederikkazerne yn De Haach.
De Vries, dy 't as fyftjinde op de kandidatelist fan it CDA foar de Twadde Keamerferkezingen fan 2010 stie, joech oan ôf te sjen fan in eventueel plak yn it parlemint. Syn aktiviteiten ffoar de ferkiezingskampanje hie hy in pear dagen earder, nei bekendwurding fan de affêre, al op in leech pitsje setten.[2]
Yn juny 2011 waard bekendmakke dat De Vries lid waard fan de dirteksje fan de Nederlânske ôfdieling fan it kommunikaasjeadvysbedriuw Hill & Knowlton. Neist managementtaken krige hy de lieding oer it ûnderdiel public affairs fan it bedriuw. It kantoar fertsjintwurdiget ek de fabrikant fan de JSF, mar de earste jierren koe De Vries dat sels net dwaan. Dat blykte út in gedrachsregel by it Ministearje fan Definsje, dy 't foarskriuwt dat âld-bewâldpersoanen twa jier lang net wurkje meie as kontaktpersoan yn it bedriuwslibben.[3]
Op 15 juny 2013 waard De Vries by de Ledenrie fan it Nederlânske Underwettersport Bûn by akklamaasje keazen as foarsitter fan dit bûn foar in perioade fan 3 jier.[4] Op 26 april 2016 waard bekend dat De Vries tatreden wie ta it trijehadige rie fan kommissarissen fan Chemours Netherlands, in ôfsplitsing fan it gemybedriuw DuPont. Nei't sein waard soe hy him dêr benammen talizze op de kommunikaasje.[5]
In septimber 2017 ferstoar syn partner yn de âldens fan 38 jier dy't de reden wie foar syn ôftreden as steatssekretaris. Mei har hie hy yn 2015 in dochter krigen.[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk politikolooch
- Frysk politikus
- Frysk konservatyf
- Frysk bestjoerder
- Frysk sportbestjoerder
- Nederlânsk politikolooch
- Nederlânsk politikus
- CDA-politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Nederlânsk steatssekretaris
- Nederlânsk spindoktor
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk sportbestjoerder
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Drachten
- Persoan berne yn 1968