Springe nei ynhâld

Klonen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 mai 2021 om 20.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Eksterne links: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Reproduktyf en terapeutysk klone

Klonen, kloanen of klonearjen is in keunstmjittige wize fan reproduksje, wêrby’t in identike genetyske kopy fan in organisme reprodusearre wurdt. In kloon of kloan is in genetysk identike neikommeling fan ién âlder. Yn dizze betsjutting is klone altyd minsklik yngripen; hoewol’t mannich planten har spontaan net-slachtlik fermearderje mei genetysk identike neiteam wurdt dat meastentiids gjin klonen (tiidwurd) neamd; wol is in sa ûntstien organisme in kloon (haadwurd) fan de âlder. Guon legere organismen, lykas ienselligen, plantsje har allinnich fuort troch seldieling wêrby’t twa identike klonen ûntsteane, ek hjir wurdt it tiidwurd klonen net brûkt.

Natuerlike klonen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klone wurdt al iuwen dien by planten. It giet dan om planten of gewaaksen dy’t fegetatyf fermeardere wurde troch it ôflizzen, stekken, intsjen of okulearjen. Ek it fermearderjen fan bolgewaaksen of stâle- en woartelknollen, lykas by titelroazen en ierdappels, is te beskôgjen as it klonen fan in gewaaks.

Reproduktyf klonen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reproduktyf klonen is it klonen mei it doel om in identike kloon te meitsjen, dy’t útgroeie kin ta in folweardich organisme. De meast klassike metoade fan reproduktyf klonen is embryosplitsing. Dêrby wurdt in embryo fysyk midstwa fike en is it resultaat krekt itselde as by in identike twaling. De grûnlizzer fan dy technyk is de Dútske embryolooch en Nobelpriiswinner Hans Speman.

De moderne technyk om te klonen is kearntransplantaasje. Dizze technyk wurdt ek wol ‘Somatic cell nucleus transfer’ (SCNT) neamd. Dêrby wurdt de kearn fan in sel fan de genetyske âlder yn fytro ynbrocht yn in ûntkearne aaisel, dy’t dêrnei yn de limoer fan in draachmem brocht wurdt. Op dy wize is de fuortplanting troch geslachtssellen omsyld. Al it erflike materiaal fan de kloon komt fan ién âlder. De earste dy’t dy technyk útstelde wie Hans Spemann, hoewol’t er dy sels nea útfierd hat.

It earste sûchdier dat kloond waard troch dizze technyk wie in skiep, troch Steen Willadsen, yn 1984. De kearn dy’t brûkt waard kaam út in embryonale sel. Yn 1987 seagen twa op dizze wize kloonde keallen it libbensljocht. Yn 1996 slagge it Ian Wilmuth foar it earst om in skiep (Dolly) te klonen út de kearn fan in folwoeksen hûdsel. Nei Dolly waarden ûnder oare rotten, mûzen, geiten, kij, bargen, kninen, katten, hûnen en apen op dy wize kloond. Dat ferrûn hielendal net probleemleas. De kloontechnyk is yneffisjint, de measte kloonde embryo’s en foetussen stjerre al yn de draachtiid. In soad fan de kloonde bisten blieken net sûn te wêzen. Se hiene ûnder oare lêst fan defekten oan it ôfwarsysteem, problemen mei de fruchtberens, oergewicht, it azemjen en de bloedsirkulaasje, nier- en harsenôfwikings. sûkersykte, fergrutte tongen, ferfoarme antlitten en poaten, iertidich stjerren troch longûntstekking, leverkrupsjes en kanker. In mooglike ferklearring sit yn it feit, dat se by de berte al koartere telomearen hawwe. Klonen bringt dan ek in soad bisteleed mei.

Oant op de dei fan hjoed is de wichtichste praktyske tapassing fan it klonen fan bisten de fermannichfâldiging fan bisten dy’t dêrby tagelyk troch genetyske technology genetysk modifisearre wurde. In kombinaasje fan gentechnology en klonen makket it mooglik om hiel krekt in gen út te skeakeljen, of ta te foegjen, wêrtroch gau transgene bisten makke wurde kinne. Sa binne der bygelyks bargen makke dy’t geskikter binne foar ksenotransplantaasje en kij dy’t gjin gekkekowesykte krije kinne. Underwilens begjinne yn de FS de earste produkten fan kloonde bisten op de merk te kommen, wêrûnder fleis dat wol kloonfleis neamd wurdt.

It klonen fan organismen wurdt gauris betize mei it eksakt kopiearjen fan dy organismen. Dat is lykwols net itselde. In kloon is gjin eksakte kopy, mar in genetyske kopy fan it orizjineel. By klonen wurde stamsellen út it memme-organisme helle, dy’t dêrnei wer fierder ûntwikkelje yn in draachmem. As jo bygelyks as seldonor in bist brûke fan 10 jier sil de kloon by de berte krekt sa ûntwikkele wêze as in normaal jong bist dat krekt berne is. De kloon sil dus net daliks tsien jier wêze.

Yn Nederlân rinne fan de hynst Jazz de klonen Jazz 1, Jazz 2 en Jazz 3 om. De trije klonen binne makke yn Amearika, om’t klonen yn Nederlân ferbean is.

Terapeutysk klonen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Terapeutysk klonen is klone mei it doel om lichemssellen te meitsjen dy’t bydrage kinne oan it genêzen fan beskate sykten. Dat is dan benammen bedoeld om minsken better te meitsjen. Terapeutysk klonen is foarearst noch in eksperimintele technyk.

By terapeutysk klonen wurdt mei help fan kearntransplantaazje in embryo kweekt dat genetysk identyk is oan de pasjint. As it embryo sawat hûndert sellen grut is dan wurde de stamsellen ferwidere en op kweek set. Troch de kweekomstannichheden te manipulearjen kinne de stamsellen útgroeie ta elk winske seltype. Dy nij ûntstiene weefsels wurde dêrnei by de pasjint ymplantearre om dy fan syn sykte ôf te helpen (stamselterapy). It foardiel fan dy technyk is dat de pasjint sellen krijt dy’t genetysk identyk binne oan syn eigen lichemssellen, wêrtroch in ôfwarreaksje fan it lichem tefoaren kommen wurdt (yn tsjinstelling ta ksenotransplantaasje).

De beskikberens fan minsklike aaisellen, mei trochdat se relatyf min te isolearjen binne, is dêrby in grut probleem. Ek bliek út proefbiste-ûndersyk dat it embryo in grutte kâns hat op misfoarmings, sjoen dat de kearn fan de aaisel dochs sinjifikant oars is as dy fan in somatyske sel. It tekoart fan minsklike aaisellen kin opheind wurde troch it ynsetten fan ûntkearne dierlike aaisellen. Sjoen dat mitogondriaal DNA oanwêzich bliuwt, kin dit letter foar problemen soargje by it oanmeitsjen fan mitogondryen. Dat probleem kin eventueel opfongen wurde troch ko-transplantaasje fan mitogondryen fan de donor. De Nederlânske Embryowet stiet ta dat embryo’s dy’t oerbliuwe nei in yff-behanneling brûkt wurde foar wittenskiplik ûndersyk foar terapeutysk klonen. De Nederlânske wet ferbiedt lykwols it klonen fan minsklike sellen, likegoed foar terapeutysk as foar reproduktyf gebrûk.

Reproduktyf klonen fan minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klonen fan minsken is neffens de hearskjende wittenskiplike ynsjoggen noch net mooglik.

It klonen fan minsken is yn in soad lannen ferbean troch medysk-etyske beswieren. Yn Nederlân seit de Embryowet fan 20 juny 2002 dêroer: "Het is verboden handelingen met geslachtscellen of embryo's te verrichten met het oogmerk van de geboorte van genetisch identieke menselijke individuen" (artikel 24, lid f).

Yn it etyske debat oer it klonen fan minsken giet it ûnder oare oer it wolwêzen en de sûnens fan de kloon. By klonen fan bisten is der al in grut risiko op spontane abortussen en misfoarmings. Dus by klonen fan minsken (in technyk dy’t noch folle dreger is en oant no ta sels net iens mooglik) soe it logysk wêze dat der ek in soad kâns is op spontane abortussen en misfoarmings. En boppedien binne der net allinnich risiko’s foar de kloon sels, mar sitte der ek risiko’s oan foar de draachmem..[1]

As alle medyske problemen fan de baan wêze soene, bliuwe der etyske problemen oer. De bemerkings dy’t dêrby makke wurde kinne (en dy’t foar diskusje fetber binne) binne[2]:

  • It is net natuerlik, d.w.s. yn striid mei de natuerlike oarder fan de dingen.
  • It is in oantaasting fan de minsklike weardigens.
  • It is in skeining fan it rjocht op genetyske unisiteit.
  • Der kinne psychososjale risiko’s foar it bern wêze.
  • Klonen soe misbrûkt wurde kinne om eugenetyske redenen.
  • Der hoecht gjin eksakte kopy te ûntstean: beskate eigenskippen binne net oerdraachber, sadat ienaaiïge twalingen faak net hielendal identyk binne. Allinnich oanlis foar dy eigenskippen is oerdraachber, omdat sosjale omjouwing en opfieding ek in rol spylje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De KNAW en ethiek hoofdstuk 4. Welke ethische grenzen denkt de wetenschap te trekken in deze en hoe denkt zij die te bewaken?
  2. Geraerdts en de Wert – Kloneren: toepassingen bij de mens, ethische verkenning