Titelroas
Titelroas | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Narcissus L. | ||||||
De titelroas (Narcissus L.), miskien better bekend as de narsis, is in stinzeplant. It is in slachte fan bolgewaaksen út de famylje fan de Amaryllidaceae. De wittenskiplike namme Narcissus is ôfkomstich út de Grykske mytology. Titelroazen binne maaitiidsbollen en hawwe in kâlde rêstperioade nedich. Se binne der yn in ferskaat oan kleuren, dêr't giel by oerhearsket. Opfallend oan de titelroas is de trompetfoarmige blom. De titelroas ferwylderet maklik.
Nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Fryske namme Titelroas makket jin nijsgjirrich. Yn 'e plantkunde wie der altiten al in groep fan planten dy't kwa bloeitiid net rjocht te pleatsen wiene. Dy waarden de tideloazen neamd. Sa binne der tideloazen dy't bygelyks yn 'e hjerst bloeie en maitiids blêd hawwe. Ta dy groep fan tideloazen waard de narsis ek rekkene. Sa jout it WFT yn 1859 foar de narsis de namme tideloas en komme we dêr yn 1975 ek noch de namme tidelroas tsjin. Wylst it Lyts Frysk Wirdboek al yn 1944 de namme titelroas hat. Al mei al liket de namme titelroas in ferbasterjen fan it begryp tideloas, net oan tiid bûn. Benammen it Wâldsjersk hat it oer titelroazen. Dat de namme op loas en net op leas útgie, hat der by dat ferbasterjen grif it sine tadien.
De wittenskiplike namme Narcissus is ôfkomstich út de Grykske mytology. Dy narsist wie yn 'e mytology in kreaze jongkeardel dy’t fereale waard op syn spegelbyld. Boppedat wurdt yn Fryslân in titelroas ek wol aprilblom of peaskeblom neamd.