QAnon
QAnon of ienfâldichwei Q is in Amerikaanske ekstreemrjochtse gearspanningsteory dy't de saneamde plannen beskriuwt fan in "djippe steat", dy't bestiet út in kabaal fan kannibalistyske, pedofile oanbidders fan Satan[1] dy't in globale bernesekshannel beheare, en dy't rjochte wie tsjin de eardere presidint Donald Trump en syn oanhingers[2]. QAnon wurdt ornaris in kultus neamd[3].
QAnon tinkt ornaris dat Trump in "dei fan de ôfrekkening", bekend as Storm (stoarm), pland hie dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde soene[4]. Oanhingers fan QAnon beskuldigen in soad progressive akteurs fan Hollywood, politisy fan de Demokratyske Partij en hege amtners derfan lid te wêzen fan it kabaal[5].
Ek oppenearren de oanhingers fan QAnon dat Trump de gearspanning mei de Russen beard hie, sa't er Robert Mueller, de foaroanman fan de FBI, oannimme koe om de bernesekshannel bleat te lizzen en in steatsgreep troch Barack Obama, Hillary Clinton en George Soros tefoaren te kommen[6]. De gearspanningsteoryen fan QAnon waarden fuortsterke troch Russyske neplidmaatskippen op sosjale media, dy't stipe waarden troch de Russyske oerheid[7].
Ek binne der antysemityske ideeën yn de QAnon-beweging[8]
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gearspanningsteory QAnon begûn yn oktober 2017 op de anonime webside 4chan te ferskinen as Q en QAnon, dat mooglik in Amerikaansk yndifidu wie[10]. It waard letter oannommen dat it om in groep yndifiduen, dy't ûnder deslde namme hannelen, giet[11]. De oerienkommende gearspanningsteory Pizzagate, dêr't saneamd in pedofile sekshannel yn de kelder fan pizzaria Comet Ping Pong yn Washington D.C. beheard wurde soe, gie foarôf oan QAnon, mar waard der letter in part fan[12].
In persoan dy't himsels Q Clearance Patriot neamde ferskynde op 28 oktober 2017 foar it earst op 4chan mei it berjocht Calm before the Storm (stiltme foar de stoarm), dy't nei Trump syn kryptyske omskriuwing fan in gearkomste fan militêre lieders ferwiisde[13][14]. Dêrby waard neamd dat Hillary Clinton arrestearre wurde soe en de beweitsing oan de grins heger wurde soe om it flechtsjen ûnmooglik te meitsjen. Dat barde lykwols net.
De skriuwer dêrfan ferhuze yn novimber 2017 nei 8chan en sei dat 4chan "ynfiltrearre" wie[15].
Syn brûkersnamme joech it idee dat er in saneamde Q-status hie[16]. Mei dy status kin immen dan tastimming krije fan it Amerikaanske Ministearje fan Enerzjy, dy't nedich is om tagong ta temûke ynformaasje oer nukleêre wapens en materialen te krijen[17].
Doe't 8chan fan it ynternet ôfgie, om't ferskate manifesten dy't troch massamoardners skreaun waarden, sa as dy fan Christchurch en El Paso dêr op pleatst waarden, ferhuze Q nei trije moanne nei it nije 8kun, dat ek fan Jim Watkins wie[18].
QAnon krige foar it earst omtinken yn de media yn desimber 2017, en yn de iere moannen fan 2018 krige de gearspanningsteory benammen fan de rjochtse media omtinken. Sean Hannity, tillefyzjepresintator en konservatyf polityk kommentator op Fox News, en aktrise Roseanne Barr ferspraten it nijs oer QAnon op harren siden op sosjale media. De ekstreemrjochtse gearspanningstinker en presintator fan Info Wars, Alex Jones sei dat er persoanlik kontakt hie mei Q. By in taspraak fan Trump yn july 2018 yn Tampa (Floarida) kaam de gearspanningsteory folop yn it nijs[19].
De siden dy't de Q-berjochten ferspraten, waarden Qdrops neamd. Tusken maart en juny 2020, yn de COVID-19-pandemy, ferdûbele QAnon syn oanwêzigens op Instagram en Twitter en fertrijedûbele sels op Facebook[20]. Ek fersprate it njonkelytsen nei Kanada[21], Jeropa en Latynsk-Amearika[22]. Benammen yn Dútslân[23], Nederlân en it Feriene Keninkryk, dêr't ien op de fjouwer Britten gearspanningsteoryen besibbe oan dy fan QAnon leauwe,[24] krige it in soad folgelingen.
Yn febrewaris 2021 waard by in peiling waarnommen dat 29% fan de republikeinske kiezers de stelling fan QAnon leauden dat Donald Trump temûk in groep bernesekshannelers, dy't akteurs fan Hollywood en wichtige politisy fan de Demokratyske Partij befetsje soe, oan it oanpakken wie[25].
Gearspanningsclaims
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gearspanningsteory wurdt skaaimerke as "sûnder bewizen"[26] en "ûnbegrûne"[27]. Syn folgelingen wurde "in steurde gearspanningskultus" neamd. It waard benammen ferspraat troch oanhingers fan Trump, dy't it as de Storm (de stoarm) en de Great Awakening (it grutte ûntweitsjen), dy't besibbe binne oan de religieuze konsepten oangeande de eintiid, ferwiisden. Folgelingen fan QAnon tinke dat Trump, lykwols as in beheind kristen, troch God stjoerd waard. Dêrom wurdt QAnon ek wol as in religieuze beweging sjoen[28].
Neffens Travis View, dy't QAnon bestudearre hat en dêroer skreaun hat foar The Washington Post is it wichtichste punt fan de gearspanningsteory:
"...der is in kabaal fan pedofile oanbidders fan Satan oer gâns de wrâld hinne dy't oer de wrâld hearskje, en se hawwe alles ûnder kontrôle. Hja hawwe kontrôle oer politisy, de media en Hollywood en se ferbergje harren bestean. En hja soene harren hearskippij oer de wrâld fuortset hawwe as presidint Donald Trump net keazen waard. Yn dizze gearspanningsteory wit Donald Trump alles fan it kweade dwaan fan it kabaal. Mar ien fan de redens wêrom't Donald Trump keazen waard, wie om in ein oan harren meitsje te litten. As "Q" der net wie, soene wy no neat witte oer de slach efter de skermen, dy't Trump en it Amerikaanske leger leveret. En "Q" is einlings in poster op 4chan, dy't letter nei 8chan ferhuze, en dyjinge dy't alles oer dizze temûke slach efter de skermen iepenbier makket en alle geheimen oer wat it kabaal oan it dwaan is en de grutskalige arrestaasjes dy't barre sille."
Folgelingen fan QAnon leauwe ek dat der in foarfal, bekend as de Storm, barre sil dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde sille, en mooglik nei de finzenis op Guantánamobaai stjoerd wurde om dêr yn in militêr tribunaal terjocht te stean. It Amerikaanske leger sil dan mei hurde hân it lân oernimme, en dêrnei sil der ferlossing op ierde wêze[29].
Guon falske claims
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Q hat ferskate falske berjochten pleatst dy't ûnbegrûne binne, lykas:
- De CIA hat de Noardkoreaanske diktator Kim Jong-un as in marionettehearsker oansteld[30].
- Op 16 febrewaris 2018 waard der falsk beweard dat de foarsitter fan it Demokratysk Nasjonaal Kommitee, Debbie Wasserman Schulz, de Salvadoraanske binde MS-13 ynhierde om meiwurker Seth Rich te fermoardzjen[31].
- Op 1 maart 2018 waard der falsk beweard dat Dútske bûnskânselier Angela Merkel in pakesizzer fan Adolf Hitler wêze soe[32].
- Op 7 july 2018 stie der in artikel yn de Daily Beast dat Q falsk bewearde dat "eltse massasjitterij op gong set waard troch de kabaal"[33].
- Dat Barack Obama, Hillary Clinton, George Soros en oaren in steatsgreep tsjin Trump oan it tarieden wiene, en dat se belutsen wêze soene by in ynternasjonale bernesekshannel[34].
- Dat it ûndersyk fan de FBI ûnder lieding fan Robert Mueller in tsjinsteatsgreep wie, dy't troch Trump laat waard, wêrby't er beard hie mei de gearspanning mei de Russen om de Demokraten te ûndersykjen[35].
- Dat de famylje Rothschild in satanyske kultus late[36].
Op 30 maaie 2019 hat de FBI QAnon as in terroristyske organisaasje bestimpele[37]. In soad QAnon folgelingen brûke #WWG1WGA (where we go one, we go all) , it biedwurd fan QAnon, yn harren berjochten.
Ynsidinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Betonfabryk yn Tucson
Yn maaie 2018 makke Michael Lewis Meyer in fideo en filmde dy streekrjocht op Facebook fan in semintfabryk yn Tucson (Arizona) ôf, dêr't er miende dat der in bernesekshannel plakfûn. De fideo waard yn de wyks derop 650.000 kear besjoen. De plysje kaam en socht gâns it plak ôf, mar fûn neat. Meyer hold dêrnei in toer fan de fabryk foar njoggen dagen beset, oant er mei de plysje oerienkaam it pân te ferlitten. Yn july kaam er wer werom yn de fabryk, mar doe waard er arrestearre foar it ûnwettich betrêdzjen fan it pân. Hy ferwiisde nei QAnon en #WWG1WGA op syn Facebookside[38].
- Hooverdaamynsidint
Op 15 juny 2018 waard Matthew Phillip Wright fan Henderson (Nevada) arrestearre foar terrorisme. Hy blokkearre foar de Hooverdaam, op de grins fan Nevada en Arizona, mei in pantsere reau dy't bewapene mei in AR-15 en in pistoal wie, it ferkear 90 minuten lang. Hy wie, nei eigen sizzen, op in missy fan QAnon en woe dat it Ministearje fan Justysje it OIG-rapport frijjoech oangeande it gedrach fan FBI-aginten by in ûndersyk nei it brûken fan in email-server troch Hillary Clinton[39].
- Driging tsjin Jim Acosta
By in taspraak fan Trump yn Tampa (Floarida) op 31 july 2018 gedroegen oanhingers fan Trump fijannich foar Jim Acosta, Wite Hûs-haadkorrespondint fan CNN, oer. QAnon-folgelingen wiene by de taspraak oanwêzich[40].
- Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020
By in stimburo yn Philadelphia dêr't de stimmen, dy't oer de post ferstjoerd waarden, teld waarden, waarden twa manlju út Virginia oanholden nei in tip fan in driging foar in oanfal mei AR-15's. Bumperstikkers op harren truck ferwiisden nei QAnon[41].
Nei ferskate ûnbegrûne beskuldigings fan stimbusfraude nei it ferlies fan Trump by de presidintsferkiezings, beskuldigen QAnon-folgelingen dat de telmasinen fan Dominion Voting Systems miljoenen stimmen foar Trump ferwidere hawwe soene. De ekstreemrjochtse keabeltillefyzjestjoerder One America News Network smiet dy gearspanningsteoryen de rûnte yn, en it waard ek troch Trump twittere[42]. De Cybersecurity and Infrastructure Security Agency makke lykwols buorkundich dat de ferkiezings ien fan de meast earlike wie yn de Amerikaanske skiednis, en dat der "gjin bewiis dat der stimmen ferlern giene of ferwidere of feroare waarden"[43].
- Bestoarming fan it Kapitoal
- De Wikipedy hat ek in side Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal.
Doe't in kliber breinroere Trump-oanhingers it Amerikaanske Kapitoal bestoarmen op 6 jannewaris 2021 nei't dy troch in fjurrige taspraak fan Trump dêr ta oanset waarden, waard ien fan de bestoarmers, Ashli Babbitt, in feteraan, troch de plysje fan it Kapitoal deasketten. Hja wie in folgeling fan QAnon en twitterde in gearspanningsteory fan L. Lin Wood, in abbekaat en gearspanningstinker, justjes foar har dea[44]. Guon oare bestoarmers droegen Q-emblemen op harren klean of waarden as folgelingen fan QAnon idintifisearre yn fideofilmkes[45].
Jake Angeli (QAnon Shaman), dyjinge op de foto's mei de bûntmûtse mei hoarnen, is in folgeling fan QAnon en waard op 9 jannewaris arrestearre[46].
Op 12 jannewaris makken Facebook en Twitter buorkundich dat se artikels mei Stop the Steal en likernôch 70.000 siden besibbe oan QAnon ferwiderje soene[47].
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|