Springe nei ynhâld

Peize

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 feb 2021 om 22.47 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (ts)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Peize
Peize (read) en doarpsgebiet (roze)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Noardenfjild
Sifers
Ynwennertal 5.525 (2020)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside Doarpsside

Peize (Drintsk: Paais) is in esdoarp[1] yn it noarden fan de provinsje Drinte, ûngefear tsien kilometer súdlik fan de stêd Grins.

Oant 1 jannewaris 1998 wie Peize in selsstannige gemeente. Nei de gemeentlike weryndieling fan Drinte makket it diel út fan de gemeente Noardenfjild. Tsjintwurdich is Peize in forinzedoarp mei sterke oriïntaasje op de stêd Grins.

It tal ynwenners (ynklusyf Altena, Peizermiede en Peizerwâlde) is 5.525 (2020).

Eartiids wie it in typysk Drintsk boeredoarp mei benammen mingde bedriuwen. Yn de sechtjinde en santjinde iuw stie it doarp bekend om it kweken fan hop, benammen brûkt foar it biermeitsjen yn de stêd Grins. De hopbel wie it byldmerk yn it gemeentewapen. De namme hop komt o noch foar yn ferskate nammejouwings lykas Hoppekampwei, feriening De Hopruters, âldereinsintrum De Hoprank en wykblêd de Hopbel.

Ta learing en ferdivedaasje is troch in groep frijwilligers in oantal saneamde hopkûlen ynrjochte. Dit 'libbene museum' leit oan it fytspaad dat útkomt op de Hoppekampwei en toant de klassike hoptylt.

Om in byld te jaan fan de grutte fan de hoptylt yn Peize en omlizzende doarpen: út grûnskattingsregisters fan 1650 blykt dat 54% fan alle hoptylt yn Noard Drinte barde yn Peize. Elke boer yn Peize die mei oan de hoptylt, fjouwer fan harren dienen neat oars. It gemiddeld oantal "hopkûlen" de kweker lei op 1043 (in hopkûle is in omwâle perkje fan 1 m² wêrbinnen in oantal hopplanten tsjin hege peallen of staken omheech groeie).

Yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw wie de hoptylt hast hielendal ferdwûn.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hoptún.
  • Ten noarden fan it doarp, ûnder de reek fan de stêd Grins leit it natoergebiet de Peizer- en Eeldermieden.
De Wikipedy hat ek in side Jehannestsjerke (Peize).

De Jehannestsjerke is in midsiuwske tsjerke út de 13e iuw. Yn dy tsjerke stiet in oargel út de 17e iuw, boud troch A. Verbeeck en letter feroare troch Arp Schnitger en Albertus Antoni Hinsz. It oargel is yn 1862 troch P. van Oeckelen fan de Pepergasthústsjerke yn Grins oerpleatst nei Peize.

De Wikipedy hat ek in side Paiser Meul.

De Paiser Meul is regelmjittich yn gebrûk foar it meallen fan nôt en ein 19e iuw en mei selsswichting. Eastlik fan it doarp stiet in restaurearre Amerikaanske wynmotor.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Iepenlofstswimbad is yn de sechtiger jierren boud en wurdt sûnt 1988 troch in grutte groep frijwilligers yn stân hâlden.

Bekende Nederlanners berne of wenjend yn Peize

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.

Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
· · Berjocht bewurkje