San Paolo fuori le Mura
Sint-Paulus bûten de Muorren
San Paolo fuori le Mura | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Rome | |
adres | Piazzale San Paolo, 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Pauslike basilica maior | |
boujier | 1823-1854 | |
arsjitekt | Luigi Poletti | |
boustyl | Neoklassisisme | |
offisjele webside | ||
Side fan de San Paolo |
De Sint-Paulus bûten de Muorren (Italjaansk: San Paolo fuori le mura, Latynsk: Ecclesia Sancti Pauli extra muros; folút: Papale Arcibasilica Patriarcale Maggiore Abbaziale di San Paolo fuori le Mura) is in pauslike aartsbasilyk oan it Piazzale San Paolo yn Rome. De oer it grêf fan de apostel Paulus boude tsjerke leit tusken de tsjintwurdige Via Ostiense en de Tiber en wurdt dêrom ek fakentiden Basilica Ostiense neamd. Sûnt it Lateraanske Ferdrach fan 1929 heart it kompleks ta de eks-territoriale besittings fan de Hillige Stoel. De Sint-Paulus is ien fan de Sân Pylgertsjerken fan Rome.
De tafoeging "bûten de muorren"" ferwiist nei de lokaasje fan de tsjerke bûten de tusken 271 en 280 boude Aureliaanske stedsmuorre.
Skiednis
Nei de ûnthalzing fan Paulus troch Nearo waard it lichem fan de apostel begroeven op it lân fan de frou fan de oerman Aulus Plautius, de ta it kristendom bekearde Pomponia Graecina. Hja liet oer it grêf in lytse kapel bouwe om de apostel te betinken, mar keizer Konstantyn joech opdracht om dêr yn it earste fearn fan de 4e iuw in lytse, troch paus Silverster I wijde, basilyk te bouwen.
Under Teodoasius I waard de basilyk fan Konstantyn foars útwreide. Yn dy tiid ûnstie de hjoeddeiske tsjerke mei in middenskip en fjouwer sydskippen. Nei de foltôging yn de twadde helte fan de fyfte iuw waard de útwreide basilyk mooglik troch paus Innocentius I ynwijd.
De basilyk lei bûten de muorren en waard yn de 9e iuw by de islamityske ynfal yn Rome yn 843 plondere, wêrby 't neffens de oerlevering tûzenen kilo's goud en sulver stellen waard. It waard foar paus Jehannes VIII de oanlieding om de Sint-Paulus, it kleaster en it lân der om hinne te fersterken, wêrmei't de stêd Johannispolis (Italjaansk: Giovannipoli) ûntstie, dy't oant 1348 bestie doe't in ierdskodding de stêd folslein ferneatige.
Yn de 13e iuw waard de tsjerke fersierd mei keunstwurken lykas it oanbringen fan in grut mozaïek yn de apsis. Ek waard útein set mei de bou fan in kleastergong neffens it ûntwerp fan Vassallectus. Yn 1285 boude Arnolfo di Cambio in prachtich siboarium. Ut deselde perioade stamt de kandelaber foar de Peaskekjers, in seis meter hege pylder mei romaanske reliëfs út it Nije Testamint.
By de ierdskodding fan 1348 dy't Johannispolis ferneatige bleau de basilyk sparre, mar yn 'e nacht fan 15 op 16 july 1823 baarnde de tsjerke hielendal ôf troch sleauwens fan ien fan de wurkers by in reparaasje fan de tsjerke. Mei help fan finzenen koe de tsjerke wer opboud wurde. Om de rekonstruksje mooglik te meitsen droegen katoliken út de hiele wrâld by, mar ek foarsten lykas tsaar Nikolaas I en kening Fûad I fan Egypte diene in bydrage oan de weropbou, dy't foar it measte yn de oarspronklike styl plakfûn. Yn 1854 wijde paus Pius IX de Sint-Paulus op 'e nij yn. Dat barde yn oanwêzigens fan in grut tal kardinalen en biskoppen, dy't yn it ramt fan de ôfkundiging fan it dogma fan de ûnbeflekte ûntfinzenis yn Rome wiene.
Grêf fan de apostel Paulus
Op 6 desimber 2006 makke it Fatikaan bekend dat yn de tsjerke it grêf fan de apostel Paulus op 'e nij ûntdutsen wie. De opgravings fûnen plak yn it ramt fan in renovaasje fan 2002 oant septimber 2006 ûnder lieding fan de Fatikaanske argeolooch Giorgio Filippi. De ûngewoan grutte sarkofaach fan 2,5 meter lang waard mei in let-antyk epitaaf mei it ynskrift Paulo Apostolo Mart ("Paulus, apostel, martler") ûnder it haadalter fan de basilyk fûn, dêr't it grêf fan de apostel al sûnt 1600 jier fereare waard. Likernôch fiif iuwen lyn wie de krypte sletten en it krekte plak fan it grêf rekke nei ferskate ferbouwings en in brân fan 1823 yn it ferjitten.[1][2]. Ferskate ûndersikers fine it oannimlik dat de reliken fan de apostel tsjin it ein fan de 4e uw út it oarspronklike grêf yn de apsis fan de basilyk fan Konstantyn opgroeven binne en dêrnei yn de ûntdutsen sarkofaach lein waarden. By in sonde-ûndersyk yn de sarkofaach waarden stof- en bonkeresten oantroffen, dy't neffens in koalstofdatearring út de 1e of 2e iuw nei Kristus stamme. Op de dei foar it Petrus en Paulus-feest yn 2009 sei paus Benediktus XVI yn de taspraak by it ôfsluten fan it Paulusjier dat er oertsjûge wie fan de autentisiteit fan de ynhâld fan de sarkofaach.
Kleaster
Al ûnder paus Gregoarius I bestiene der by de tsjerke in kleaster foar manlju en in kleaster foar froulju. Beide kleasters rekken yn de rin fan de tiid yn it neigean, mar paus Gregoarius II fernijde it manljuskleaster en joech de muontsen de ferantwurdelikens foar it ûnderhâld fan de basilyk. Nei't yn 937 Odo fan Cluny Rome besocht, waard it kleaster oerdroegen oan de benediktinen. Fan 1205 oant 1241 waard troch Pietro Vasaletto de kleastergong boud. Dy heart mei de moarmeren dekoraasjes op de pylders ta de moaisten fan Europa. It kleaster wie yn it tiidrek 1425-2005 in territoriale abdij, mar ûnder Jehannes Paulus II krige it de status fan in gewoane abdij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|