Springe nei ynhâld

Blaasynstrumint

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 nov 2020 om 13.26 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Lippen: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Erke

In blaasynstrumint is in muzykynstrumint dêr't lûd mei makke wurdt troch lucht yn of oer it ynstrumint te blazen. De toan ûntstiet trochdat de yn of oer it mûlestik blaasde lucht oan de iene útein fan in resonator, meast in klankbuis, de luchtkolom yn de resonator trilje lit. De effektive lingte fan de resonator makket yn kombinaasje mei de blaastechnyk út hokker toanhichte it makke lûd hat. By de measte blaasynstruminten kin de effektive lingte fan de resonator troch de bespiler beynfloede wurde troch gatten, in útskobere buis, kleppen of fentilen of in kombinaasje dêrfan. Blaasynstruminten wurde rekkene ta de aerofoanen. Yn de orkestpraktyk wurde blaasynstruminten ûnderferdield yn de houtblaasynstruminten, koartwei it hout neamd, en de koperblaasynstruminten, it koper. Dêrneist binne der ynstruminten dy't gewoanwei net yn in orkest meidogge.

Ta de houtblaasynstruminten wurde de ynstruminten rekkene wêrby't de toan makke wurdt troch in labium, in inkeld of in dûbeld reid.

By de koperblaasynstruminten wurdt de toan makke troch it ynstrumint mei oanspande lippen troch it mûlestik oan te blazen.

Neist de hout- en koperblaasynstruminten binne der blaasynstruminten wêrby't de toan makke wurdt troch in trochslaande metalen tonge.

De ferskate wize dêr't de toan op makke wurde kin steane hjirûnder neamd. Yn dy opsomming binne ek aerofoanen oars as blaasynstruminten opnommen.

De measte ynstruminten dy't yn it Frysk mei fluit oantsjut wurde binne instruminten wêrby't de luchtstream op in skerpe râne (it labium) rjochte wurdt.

BamboefluitBlokfluitDvojniceKavalDwersfluitPanfluitPikkoloQuenaSjofarZummara

Ynstruminten wêrby't it lûd mei in inkeld reid makke wurdt.
Reid tusken lippe en mûlestik

Chalumeau - KlarinetSaksofoanTaragot

Reid yn ôfsletten romte (mûle /sek / kape)

Doedelsek (guon foarmen)

Ynstruminten wêrby't it lûd mei in dûbeld reid makke wurdt.
Reid tusken beide lippen

AlthoboKontrafagotDuduk - DulciaanFagotHobo - PommerSkalmei - Sordune

Reid yn ôfsletten romte (mûle /sek / kape)

Blaas-bas - Cornemuse - DoedelsekIngelske hoarnKortholtKromhoarnMusettePommerRanketRegaalRûspiip - Kontrabas-sarrusofoanZurla

Trochslaande tonge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In - meast metalen - stripe materiaal, in tonge, kin hinne en wer gean troch in smelslutende iepening yn in plaat. De toanhichte dy't de tonge makke kin feroare (stimd) wurde troch de tonge oan syn tip swierder te meitsjen of wat lichter te meitsjen.

AccordeonBandoneonConcertinaHarmoaniumMûle-oargelLûksek

Troch in luchtstream tusken de lippen troch yn in mûlestik te driuwen wurde de lippen sels ta triljen brocht. De measte bespilers fan ynstruminten dy't lûd op dy wize meitsje wurde koperblazers neamd. Fierder wurdt ûnderskie makke tusken skerp en sêft koper:

sêft koper
AlpehoarnBombardonBronselur - BugelEuphoniumFlügelhornHoarnJachthoarnKlaroenMellofoanOphicleïdeTubaSerpintSûsafoanSink
skerp koper
KornetTromboaneTrompet

Guon ynstruminten binne net sa maklik yn te dielen:

DidgeridooOargel

It oargel is ûntstien út de doedelsek, mar hat gauris in samling registers, dy't wolris op reid, labium of trochslaande tonge basearre wêze kinne.