Springe nei ynhâld

Kaval

Ut Wikipedy
Kaval

In kaval is in blaasynstrumint dat op de Balkan en op it Turkske plattelân in soad brûkt wurdt, foaral troch harders. It bestiet út in silindryske, rjochte iepen buis mei 7 toangatten. It ynstrumint wurdt bespile troch it ûnder in hoeke fan sa'n 45 graden oan de lippen te setten en de luchtstream op de skerpe râne te mikken. It kostet wat muoite om der foar it earst lûd út te krijen. De measte kavals steane yn D, mar der binne ek oare stimmings.

Lykas mear blaasynstruminten hat de ek de kaval njonken de toangatten oan de útein noch in tal ekstra gatten dêr't akoestyske ympedânsje stadiger ferrint fan it ynstrumint nei de lucht der omhinne.

De klankkleur fan in kaval is in bytsje te ferlykjen mei dy fan in dwersfluit, mar de kaval is noch wat 'heazer'.

Beharkje hjir in kaval