Springe nei ynhâld

Falomster Feart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 okt 2020 om 14.50 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Falomster Feart by It Goddeloas Tolhûs

De Falomster Feart is in feart yn de gemeente Dantumadiel. De feart rint fan it Krúswetter yn it Houtwiel foarby It Goddeloas Tolhûs en De Falom nei de Nije Feart.

It kanaal waard groeven yn de 16e iuw en waard oanlein foar de ôfwettering fan it sompige gebiet. It kanaal waard ek brûkt om turf ôf te fieren út dit feangebiet.

De namme Falomster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Valomstervaart.

De Falomster Feart waard yn de 16e iuw groeven om it oerskot oan wetter kwyt te reitsjen en sa koe de turf makliker ôffierd wurde. It grutte beswier fan de Falomster Feart wie, dat it sâlte wetter hjirlâns fierder it lân ynkringe koe mei stoarmfloeden. De namme Brakken wiist noch op dit sâlte wetter. Fêst stiet, dat der ten easten in gebiet wie mei sâlt of brak wetter en ten westen in swietwettergebiet en dat de Falomster Feart kâns joech ta ferminging. Dit koe foarkomd wurde troch by De Falom in slûs te bouwen. Mooglik wie soks te djoer en is der in 'oerhaal', 'kielwindeweer', 'oertoom' of 'falom' oanlein. Dêr waard dan it skip oerhinne lutsen troch in ynstallaasje. Sa soe it buorskip oan syn namme komd wêze.

De ferfeanting gie troch oant begjin 20e iuw. Om 1910 waard it lêste heechfean tusken De Westereen en De Falom ôfgroeven. Dit fean wie sa sâlt, dat it net as normale brânstof ferkocht wurde koe. De gemeente hat it ôfgrave litten om dizze as branje foar de skoallen te brûken. Yn de 18e iuw waard begûn mei it ôfgraven fan it leechfeangebiet, wat trochgie oant yn de 19e iuw. De klyn waard opbaggele en mei preammen ferfierd nei in heger lizzend plak om hjir ferwurke te wurden ta baggelturf.

Nei de ferfeanting waard de grûn brûkt foar bou- en greidlân. Yn it leech lizzende wetterrike gebiet waard in soad fiske. De fiskfangst betsjutte in wichtige boarne fan ynkomsten foar de earme befolking. Hiel lang rûnen de belangrykste ferbinings mei de bûtenwrâld oer it wetter. De Falomster Feart wie dus in belangrike ferbiningsmooglikheid, ek as omwei fan Ljouwert nei de Lauwerssee, om de tollen yn de Dokkumer Ie te omsilen. Oant ein 17e iuw rûn de lânwei fanôf Dokkum/Moarrewâld (Damwâld) oan de feart ta. Letter waard de wei trochlutsen oant Feanwâlden. Oer de feart waard in ophelbrêge lein en der kamen in tolhûs en in herberch by te stean. De wichtige noard-súdferbining waard ± 1850 ferhurde en rjochtlutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: