Springe nei ynhâld

Friese Pers Boekerij

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 okt 2020 om 15.50 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Friese Pers Boekerij
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1978
opdoekt 2017
eigner Utjouwerij Bornmeer
dochters Uitgeverij Noordboek
offisjele webside
www.friesepersboekerij.nl

De Friese Pers Boekerij is in Fryske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1978 en kantoar hold yn Ljouwert. De útjeften giene foar it meastepat oer regionale en lokale skiednis en kultuer yn Fryslân en ferskynden foar in part yn it Frysk en foar in part yn it Nederlânsk. Troch gearwurking mei sjoernalisten kin de útjouwerij goed ynheakje op de aktualiteit. De Friese Pers Boekerij wie, benammen oant 2000 tige wichtich foar de Fryske literatuer. De bekendste rige dy't troch de útjouwerij útbrocht waard, wie de Gurbe-rige. Njonken distribúsje troch boekhannels wiene de útjeften ek te keap yn de eigen webwinkel.

De Friese Pers Boekerij wie oant 2013 ûnderdiel fan NDC/VBK dy't ek de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden útjout. Yn 2001 waard fanút de Friese Pers Boekerij úteinset mei Uitgeverij Noordboek, dy't him yn syn útjeften rjochte op Grinslân en Drinte. Ein 2013 waard de Friese Pers Boekerij/Noordboek oernommen troch Arie Krijgsman fan Tiel.

Yn juny 2017 frege Krijgsman sels it fajisemint fan it bedriuw oan. Op 20 july 2017 fernijde de Ljouwerter Krante dat Utjouwerij Bornmeer fan 'e Gerdyk mei kurator Marike Boersen út Tiel oerienstimming berikt hie oer de oername fan alle yntellektuële eigendommen fan 'e Friese Pers Boekerij/Noordboek, wêrûnder de merknamme, domeinnammen, websiden en fûnskatalogus. Bornmeer hat de ambysje om troch te groeien ta in middelgrutte lanlike útjouwerij. Hoewol't de Ljouwerter Krante gewach makke fan in "trochstart" fan 'e Friese Pers Boekerij/Noordboek, bliek út it artikel, wêryn't útjouwer Steven Sterk fan Bornmeer wiidweidich oan it wurd kaam, net dat Bornmeer fan doel wie om 'e namme fan 'e Friese Pers Boekerij as ymprint yn gebrûk te nimmen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Bornmeer zet Friese Pers Boekerij voort, yn: de Ljouwerter Krante, 20 july 2017, s. 3.
  • Hellinga, Jaap, Bornmeer koopt restant Boekerij, yn: de Ljouwerter Krante, 20 july 2017, s. 13.