Krêm (kleur)
krêm | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #FFFDD0 | |
RGBª (r, g, b) | (255, 253, 208) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 1, 18, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Krêm is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan wyt of fan giel. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in tige bleek giel of as in brutsen wyt. Krêm kin sjoen wurde as de pastelkleur fan giel, krekt sa't rôze dat is fan read.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'krêm' komt fan it Frânske wurd crème, mei as oarspronklike betsjutting "rjemme". As kleur wurdt krêm dan ek noch altyd definiëarre as de kleur fan 'e rjemme fan molke, produsearre troch kij dy't weidzje yn greiden dy't ryk binne oan planten mei giele karotenoïde pigminten. Rjemme, it fetste part fan 'e molke, wurdt brûkt om troch klopjen slachrjemme, of troch tsjernjen bûter fan te meitsjen. Slachrjemme behâldt de krêmkleur, mar bûter wurdt wat gieliger.
Kleurtechnyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is krêm in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it fermingen alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch de primêre kleur giel oan te mingen mei hiel lyts bytsje maginta.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e natoer hawwe ferskate bisten krêmkleurige pelsdielen. Sûchdieren hawwe faak in ljochtere kleur op 'e hals en de bealch, dy't gauris krêmkleurich is. Yn 'e moade binne 'wite' smokingjaskes ornaris krêm- of ivoarkleurich, sadat der in licht kontrast ûntstiet mei it echt wite boesgroentsje dat derûnder droegen wurdt. Yn 'e binnendoararsjitektuer wurdt de kleur krêm faak brûkt as in foarm fan brutsen wyt foar it skilderjen fan muorren of houtwurk. By anime, in soarte fan Japanske tekenfilm, wurdt krêm gauris brûkt as hûdskleur.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |