Realisme (keunststreaming)
It realisme wie in streaming yn de 19e-iuwske byldzjende keunst, teäter en literatuer (sjoch: realisme (literatuer), dêr't yn stribbe wurdt nei it wjerjaan fan de maatskiplike wurklikheid. De streaming wie fral sterk yn Frankryk om it midden fan de iuw hinne en wurdt sjoen as reaksje op de Romantyk. Dêrneist hie it opkommende marksisme in wichtige ynfloed troch de gewoane arbeider sintraal te stellen. Utgongspunt fan de streaming wie in útspraak fan Baudelaire: "moatst yn dyn eigen tiid stean".
Realistyske skilderkeunst
Healwei de 19e iuw ûntstie der by ferskate skilders ferset tsjin de ôfhâldende styl fan it klassisisme en de oerdreaune styl fan de romantyk. It realisme bylde alledeiske barrens ôf, in groetnis of gewoane arbeiders oan it wurk op it lân. De wize fan skilderjen wie ferlikber mei dy fan de romantyk: in soad ierdtinten en realistyske ferhâldings en kleuren. Foar it earst waard socht nei de ûnidealisearre wurklikheid, dat utere him yn it ôfbyldzjen fan beswitte, behurde have-arbieders, mar ek yn it ôfbyldzjen fan skam- en earmsholtehier. Dat rôp in soad wjerstân op, kritisy fûnen dat de realisten harren te folle rjochten op datjinge wat ûnsjoch wie. Realisten seagen harsels mear wol as sjoernalisten, mar koesteren ek seker in romantyske langstme nei de ûnyndustrialisearre wurklikheid. Gustave Courbet wie de oprjochter, wichtichste skilder en wurdfierder fan it realisme.
Oare skilders binne bygelyks:
- Théodore Rousseau
- Jean François Millet (Romantysk realisme)
- Édouard Manet
- Charles-François Daubigny
- Thomas Couture (Naam de ûnsjoggens as tema
- Honoré Daumier (Satiryske cartoonist en skilder)
- Jean-Baptiste Corot
- Jules Dupré
Nei it foarbyld fan de Ingelsken John Constable en John Crome begûnen hja, fan 1832 ôf, "en plein air" te skilderjen, bûten, direkt yn de natuer, om beammen, planten, bisten en befolking tige krekt werjaan te kinnen.
Amearika
- Edward Hopper mei typysk Amerikaanske tema's
- Grant Wood
- Georgia O'Keeffe
- Thomas Anshutz
- Thomas Eakins
Belgje
- De Belgyske Barbizonisten fûn men yn de Skoalle fan Tervuren fan Hippolyte Boulenger.
Fryslân
- Ids Wiersma, dy't mannich Frysk boek yllustrearre.
Nederlân
Ruslân
Oare essayisten wije dan wer harren beskôgings oan it sosjaal realisme, dat him sawat ekslusyf rjochtet op de sosjale minsklike tastannen lykas wurk, sykte, lijen of lok. Constantin Meunier, Pierre Paulus en Eugeen Van Mieghem binne dêrfan Belgyske foarbylden, mar by harren is de omskriuwing hiel wat lestiger fêst te stellen.
Galery
-
Jean-Baptiste Siméon Chardin, Koalraap skjinmeitsje, ± 1738, Alte Pinakothek.
-
Gustave Courbet, Yn't stiengat, 1849.
-
Jean-François Millet, De siedder, 1850.
-
Jean-Baptiste-Camille Corot, Lêzend famke, 1868
-
Oswald Achenbach, Jûn yn de Campagna, 1850.
-
Eilif Peterssen, De salmfisker, 1889.
-
Ilja Repin, Sy hienen him net ferwachte, 1884-1888.
-
Henri Biva, 1905-06, Matin à Villeneuve
Sjoch ek
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Realist paintings fan Wikimedia Commons. |