John Constable

John Constable (East Bergholt, 11 juny 1776 – Londen-Hampstead, 31 maart 1837) wie in Ingelske romantysk lânskipsskilder en akwarellist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne yn East Bergholt yn het greefskip Suffolk. It gebiet om Dedham Vale, bylâns Stour yn Suffolk stiet bekend as Constable Country. Flatford Mill, it ûnderwerp fan ien fan syn ferneamdste skilderijen, The Haywain, wie eigendom fan syn heit, in begoedige brouwer en nôthanneler.
Constable troude, nei lange tiid ôfwiist te wêzen troch har heit, om't er net goed genôch wie neffens him, mei Maria Bicknell. Sy hiene sân bern, doe't Maria stoar oan tuberkuloaze.
Constable as keunstner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurk fan Constable waard yn it begjin sterk beynfloede troch de âlde Nederlânske lânskipsskilders, lykas Jacob van Ruisdael. Hy waard ek ynspirearre troch Thomas Gainsborough, dy't krekt as Constable út Suffolk kaam. Yn 'e rin fan 'e tiid ûntwikkele Constable lykwols in eigen styl. Hy basearre syn skilderijen op sketsen dy't en plein air makke wiene – sketsen dy't troch in protte minsken fan like grutte artistike wearde achte wurde as syn atelierwurk. Constable briek mei de tradysje fan idealisearre en heroïsearre lânskipsskilderkeunst; hy wie de earste dy't in sekuere werjefte fan 'e werklikheid yn lânskippen easke, wêrby't er in soad omtinken hie foar de flechtige effekten fan ljocht en waar.
Tegearre mei William Turner en oaren ûntwikkele Constable in styl fan lânskipsskilderjen dy't fan ynfloed wêze soe op keunstners yn hiel Europa. Se beynfloedzje benammen de Skoalle fan Barbizon en letter ek de ympresjonisten.
Yn syn libben krige Constable syn keunst net folle wurdearring. Hy waard foar it earst wurdearre yn Frankryk, dêr't him al yn 1824 in gouden medalje takend waard foar The Hay Wain op de Paryske Salon. [1]
In part fan oan him taskreaun wurk is fermoedlik troch syn soannen makke wurdt tsjintwurdich tocht. Wichtige samlings fan Constables wurk hawwe de National Gallery, de Tate Gallery en it Victoria and Albert Museum yn Londen. [1]
- Dedham Vale (1802)
- Maria Bicknell, skildere troch Constable yn 1816
- The Hay Wain, 1821
- The Cornfield, 1826
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sitaten fan John Constable op de Ingelske Wikikwote
- Constable's Great Landscapes: The Six-Foot Paintings at the National Gallery of Art, Washington, DC
- 390 skilderingen troch John Constable op www.John-Constable.org
- John Constable op Olga's Gallery
- Biografy op Webmuseum, Parys
- John Constable at Find-A-Grave
- John Constable — Engelske lânskipsskilder
- Galery fan Constable syn skilderingen op MuseumSyndicate
- Aug 2007-Lost Constable discovered
- John Constable paintings & timeline
- John Constable op Art-Route
- Portraits by the artist as a young man: Constable's âlden einlik identifisearre, The Guardian, 4 maart, 2009
- Constable Museum - thatched cottages, Flatford
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Constable fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |