Thomas Eakins
Thomas Eakins | ||
![]() | ||
![]() | ||
Selsportret | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 25 july 1844 | |
berteplak | Philadelphia | |
stoarn | 25 juny 1916 (71 jier) | |
stjerplak | Philadelphia | |
wurkpaad | ||
streaming | Realisme | |
offisjele webside | ||
thomaseakins.org/ RKD-profyl |
Thomas Cowperthwait Eakins (Philadelphia, 25 july 1844 - dêre, 25 juny 1916) wie in Amerikaanske realistysk keunstskilder, byldhouwer en fotograaf. Hy is ien fan de wichtichste persoanen yn de Amerikaanske keunstskiednis.[1]
Yn syn hiele profesjonele karriêre, fan it begjin fan de jierren 1870 ôf oant syn sûnens sa'n 40 jier letter begûn ôf te takeljen, wurke Eakins sekuer nei it libben en keas er as ûnderwerp de minsken fan syn bertestêd Philadelphia. Hy skildere in pear hûndert portretten, meastal fan freonen, famyljeleden of promininte minsken út de keunst, wittenskip, genêskunde en geastlikheid. De portretten jouwe in oersjoch fan it yntellektuele libben yn it Philadelphia fan ein 19e en begjin 20e iuw.

Dêrneist makke Eakins in tal grutte skilderijen dy't it portret út it atelier hellen en nei de kantoaren, strjitten, parken, rivieren en arena's fan syn stêd brochten. Dy aktive bûtenlokaasjes stelden him by steat om it ûnderwerp te skilderjen dat him it meast ynspirearre: de neakene, of figuer mei in bytsje klean oan, yn beweging. Dêrby koe er de foarmen fan it lichem yn it folle sinneljocht modelleare en bylden fan de djippe romte kreëarje troch gebrûk te meitsjen fan syn stúdzjes yn perspektyf. Eakins wie tige ynteressearre yn de nije bewegingsfotografy (footage), in mêd dêr't er no yn beskôge wurdt as in fernijer.
Eakins wie ek in pedagooch en syn lessen wiene fan grutte ynfloed op de Amerikaanske keunst. De swierrichheden dy't er as keunstner ûnderfûn hie kamen troch de portretten en figueren dy't er besocht sa realistysk as koe te skilderjen, wylst syn hâlden en dragen en seksuele skandalen syn sukses beheinden en syn reputaasje op'e proef stelden.
Eakins wie in kontroversjeel figuer waans wurk by syn libben net folle erkenning krige. Sûnt syn dea is er troch Amerikaanske keunsthistoarisy fierd as de 'sterkste, meast djipgeande realist yn de njoggentjinde - en ier-tweintichste-iuwske Amerikaanske keunst'. [2]
Bekend wurk fan him is Max Schmitt in a Single Scull (1871), The Gross Clinic (1875), The Agnew Clinic (1889) en William Rush and His Model (1908).
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Max Schmitt im Einer, 1871
-
Sailing, 1875
-
Baseball players Practicing, 1875
-
Portret fan Dr. Samuel D. Gross (The Gross Clinic), 1875
-
The Dancing Lesson, 1878
-
A May Morning in the Park, 1879
-
Baaiende studinten fan Eakins, foarstúdzje Swimming
-
Cowboys in the Bad Lands, 1888
-
Stúdzje fan Whitman
-
Walt Whitman, 1887
-
Taking the Count, 1898
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|