Oswald Achenbach

Ut Wikipedy
Portret fan Achenbach troch Ludwig des Coudres

Oswald Achenbach (Düsseldorf, 2 febrewaris 1827 - dêre, 1 febrewaris 1905) wie in Dútske keunstskilder fan meast lânskippen.

Oswald Achenbach folge syn oplieding oan de keunstakadeemje yn Düsseldorf en by syn broer Andreas Achenbach, dy't ek skildere. Om syn natuerstúdzjes te ferdjipjen makke er in reis troch Tirol en Itaalje. Achenbach hat by syn lânskippen each foar de rike en fûle kleureffekten; dat brocht him ek nei de baai fan Napels en Rome.

Achenbach syn lânskippen (faak mei figueren der yn) binne romantysk fan aard en meastal troch Itaalje ynspirearre, sa as 'Tafreel yn in Italjaansk park' (München, Neue Pinakothek).

Oswald Achenbach levere syn bêste wurk mei syn lytse skilderijen dy't syn flotte penseelfiering sjen litte.

Priuwke fan syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Schilderkunst van A tot Z, MPI Books, Amstelveen, 1997, p. 10