Pinakoteek

Ut Wikipedy

In pinakoteek (Gryksk: pinax = planke, tafeltsje, skilderij) is in skilderijesamling of keunstkabinet; fan oarsprong yn it âlde Grikelân en Rome.

De namme komt fan in fjouwerkante seal mei dy namme, in útbou fan de Propylaeën te Athene, yn de tiid fan de skriuwer Pausanias (2e iuw nei Kr.), dy't doe noch muorreskilderingen hie. Yn de Romeinske tiid hie hast eltse begoedige Romein syn eigen pinakoteek.

It wurd is no noch yn gebrûk foar trije museums yn München en ferskate musea yn Itaalje, ûnder oaren yn Fatikaanstêd en yn Brazylje is ek ien.