Egbert Douwes
Egbert Douwes (Jiskenhuzen, 1723 - De Jouwer, 1802) wie de stifter fan it bedriuw dat hjoed de dei ferneamd is ûnder de namme Douwe Egberts. Egbert Douwes wie de âldste soan fan de Jiskenhúster timmerman Douwe Egberts en fan Grietje Greolts út De Jouwer. Neidat Douwe yn desimber 1927 al jong ferstoarn wie, krige Grytsje yn de maitiid fan 1728 noch in trijeling. Se gie mei de bern werom nei har berteplak en fertsjinne dêr de kost as ‘coopvrouw’.
Yn dizze tiid befarden Jouster skippers fanôf De Kolk de grutte wetters, benammen de Eastsee. Egbert Douwes makke inkele reizen op sa'n kofskip en fertsjinne genôch jild foar in winkeltsje.
Op 11 maart 1753 iepene Egbert Douwes mei syn frou Akke Thijsses in winkeltsje yn koloniaal guod oan de Midstrjitte op De Jouwer. It winkeltsje krige de namme De Witte Os. Douwe en Akke ferkochten guod út de Nederlânske koloanjes en út Nederlân sels, bygelyks tabak, sûker, rys, kaniel, sjerp, jittik en sûkelarje. Fansels waarden ek de produkten ferkocht dêr't Douwe Egbert tsjintwurdich ferneamd om is, kofje en tee.
Op 10 jannewaris 1755 krigen se in soan, Douwe Egberts (1755 - 1806). Under dy syn namme waard it bedriuw letter ferneamd. Dat hie wierskynlik te krijen mei de grutte útwreidings fan it bedriuw ûnder lieding fan Douwe Egberts.