Sjerp (sûkerfloeistof)
Appearance
Sjerp is in tsjokke, fiskoaze, konsintrearre floeistof wêryn grutte mannichten sûker (benammen sûkroaze) oplost binne. Sjerp hat likernôch 1125 kJ (=270 kilo kaloryen) de 100 gram produkt, goed de helte fan sjerp bestiet út sûker. Tradisjonele sjerp wurdt makke fan appel en/of parren. Tsjintwurdich is der in grut ferskaat oan sjerpesoarten.
Sjerp wurdt brûkt as basis foar genêsmiddels of as fiedingsmiddel, wêrby't der alderlei smaakstoffen lykas sinasappel of kaniel by dien wurde kinne.
Yn de natoer komt in sjerpsoart as huning foar. Troch it hege sûkerwaarde is it, ôfsluten fan lucht, sûnder it te kuoljen lang te bewarjen.
It wurd sjerp wurdt ek wol brûkt foar tinnere floeistoffen as ranje.