Huning

Ut Wikipedy
Huning
Folle huningpotten

Huning is in natuerlik produkt wat net fabryksmjittich makke wurde kin. Huning is in natuerlike swiete floeistof makke troch huningbijen dy’t nektar sammelje. De nektar is ôfkomstich fan blommen en befettet sûkers, mineralen en spoare-eleminten. De bijen feroarje de nektar yn huning trochdat se ensimen tafoegje. Dizze ensimen kinnen net troch laboratoariums neimakke wurde. Derfoar is it produkt te kompleks.

It fermintearjen fan de huning (it tafoegjen fan de ensimen) begjint op it momint dat de bij de nektar út de blommen hellet. De bij nimt de nektar op yn har huningblaas en foeget der ensimen oan ta. Sûnder dy fermintaazje soe it in swiete substânsje bliuwe, mar mei it net de namme huning hawwe. De nektar hat in sûkergehalte fan 10 oant 25 persint. Dit hinget fan de blom ôf. Foar ien liter huning moat in by likernôch 200.000 kear útfleane. Foar 1 potsje huning moat in bij trettsjin kear de wrâld rûn.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de produksje fan huning wurde bijekasten brûkt. Yn de kasten sitte huningraten. Dizze ramen haw in standert ôfmjitting sadat de ymker se útwikselje kin mei oare kasten. Dêrtroch kin er ek huning út de kast helje. Hy ferfangt in fol raam mei in leech raam. De beste tiid is om april/maaie hinne te rispjen. Yn augustus kin it faak noch in kear. It is net de bedoeling om de hiele kast leech te heljen. De bijen moatte fansels net ferhongerje as der net folle te heljen is. Yn augustus krije de bijen sûkerwetter as ferfanging fan de huning. Bijen dy’t honger hawwe wurde stekkerich. De ymker blaast reek nei de bijen as er yn de kast giet. De bijen sûchje harren fol mei huning omdat se miene dat it spul yn de brân stiet. As de ymker fûl trochblaast en de kast fol reek set geane de bijen fuort. Se hawwe dan net folle kâns om te oerlibjen mar se hawwe yn elts gefal in foarried huning mei.

Huning wat út de slinger komt

It rispjen fan huning wurdt slingerjen neamd. Dit moat tige soarchfâldich barre. Huningfrjemde geuren wurde maklik opnaam troch de huning. Dus alles moat tige hygiënysk. Farske slingere huning is floeiber, dêrnei wurdt it fêster. Neist natuerlike huning is der ek ynfierde huning út fiere lannen lykas Brazylje. Dizze huning is net 100 persint huning. De basis is sûkerreid as boarne. De huning wurdt faak ek ferwaarme sadat in soad kostbere eigenskippen ferlern gean.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huning bestiet al tûzenen jierren. It wurdt dan ek al lang brûkt yn de genêskunde. Hjoeddeisk wurdt it in soad brûkt yn de beauty- en wellnessyndustry. Gesichtsmaskers en oare kosmetyske produkten hawwe faak huning as basis. Huning wurdt brûkt yn de bôle en snobbersguod. Yn guon lannen wurdt it brûkt by behanneling fan branwûnen.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De smaak en geur en kleur fan de huning wurdt bepaald troch de soarte fan blommen wêr’t de bij de nektar út hellet. Inkele farianten binne:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]