Toverstêf
In toverstêf, toverroede of toverwisp is in stôk of stêf om rituële hannelings mei út te fieren. Sa'n attribút wurdt brûkt troch preesters fan ferskate religyen. Yn it foarste plak giet it dêrby om natoerreligyen en de wicca. Sjamanen fan folken fan oer de hiele wrâld brûke foar de útfiering fan harren rituëlen in toverstêf. In foarbyld foarmje datoangeande de datu, de sjamanen fan 'e Bataks fan Sumatra, dy't twa soarten toverstêven ûnderskiede: de mânselhege tunggal panaluan, dy't ryk fersierd is mei houtfykwurk, en de folle koartere, ienfâldiger útsjende tunggal malehat.
In oar foarbyld fan in toverstêf is de onusa fan 'e sjintoïstyske preesters yn Japan, dy't oerdutsen wurdt mei papier yn sigesagefoarm. By reinigingsrituëlen skoddet de preester de onusa fan lofts nei rjochts. In soartemint toverstêf dy't yn 'e Bibel neamd wurdt, is de stôk fan 'e preester Aäron, de broer fan 'e profeet Moazes, dy't God yn Exodus 7:10 yn in slange feroarje lit om farao derfan te oertsjûgjen om 'e Israeliten fuorttsjen te litten út it lân fan Egypte. Ek yn 'e Noardske mytology komt ymplisyt it ferskynsel toverstêf foar, mei't it Aldnoarske wurd vǫlva (mei de betsjutting "wiersizzeresse", en faak stavere as völva) letterlik betsjut "spinstôk dragend", wêrby't yn dit gefal de 'spinstôk' ferwiisd nei in magyske stêf.
Yn 'e Westerske kultuer is de toverstêf benammen bekend út mearkes en oare folksferhalen en moderne fantasyliteratuer, dêr't it in helpmiddel is dat brûkt wurdt troch tsjoenders, heksen, feeën en oare mytyske wêzens om mei te tsjoenen. Yn dy foarm komme toverstêven foar yn û.m. de Ferhalen fan Us Mem de Goes fan Charles Perrault, de Kinder- und Hausmärchen fan 'e Bruorren Grimm, striprigen as Donald Duck (by it personaazje Swarte Magica) en de Harry Potter-romansearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|