Springe nei ynhâld

Slach by Okswertersyl

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 sep 2020 om 13.20 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (dp)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Slach by Okswertersyl
Part fan de Grutte Fryske Oarloch
datum: 18 juny 1417
plak: Okswertersyl by Noardhorn
útkomst: Oerwinning Tom Brok
konfliktpartijen
Alliearden Skieringers
befelhawwers
Okko II tom Brok Sikke Sjaarda
sterkte
± 3.000 manlju ± 3.000 manlju
ferliezen
± 250 deaden 500 deaden, 400 finzenen

De slach by Okswertersyl is in fjildslach yn de Grutte Fryske Oarloch. It treffen barde op 18 juny 1417 by de Okswertersyl westlik fan Noardhorn en gie tusken de Skieringers, mei Sikke Sjaarda as oanfierder, en de Alliearden (famylje Tom Brok en de stêd Grins) dêr't Okko II tom Brok oan it haad fan stie.

Neidat Keno II tom Brok de stêd Emden yn East-Fryslân ferovere hie op Hisko Abdena en by de omkear yn Grins de aadlike geslachten Bronkhorst en Onsta troch Hekerens en Skieringers út de stêd jage wienen, kaam it tusken 1413 en 1415 net mear ta in iepentlike konfrontaasje. Wol besykje de belutsen partijen elkoar troch piraterij sa folle mooglike skea ta te bringen. Okko sette in part fan de Ommelannen ûnder wetter en de Skieringers ûnder Koppen Jarges wiene op rôftocht yn de Ommelannen om de ferdigening te bekostigjen.

De Alliearde partij makke plannen om Grins werom te feroverjen en brochten in grutte float byinoar. Wylst de float wachte op de komst fan de Skieringers kamen yn Eelde in protte Ommelânske bûnsmaten fan Keno tom Brok byelkoar yn. Grins waard dêrtroch min befeilige en yn de nacht fan 13 en 14 septimber 1415 foel de stêd yn Alliearde hannen. Doe't Keno mei syn float lâne, flechte Koppen mei it Skieringer leger nei Kampen en dêrwei nei Snits en letter nei Boalsert. Koppen woe sa gau mooglik Grins wer yn hannen krije en yn Westerlauwersk Fryslân foarme hy syn leger opnij. Hy wreide it fierder út troch oare Skieringers te oertsjûgen mei te dwaan tsjin Keno en syn partij. Dêrby krige Koppen hommels help fan de Roomske kening Sigismund. It swiertepunt fan de oarloch ferpleatse him no fan East-Fryslân en de stêd Grins, nei it westen fan de Ommelannen.

It fersterke Skieringer leger sette begjin juny 1417 útein om de stêd Grins oan te fallen. Fan Westerlauwersk Fryslân út waard de Lauwers oerstutsen en ûnderweis waard earst it kleaster fan Aduard ynnomd om as fersterking brûkt wurde te kinnen. Keno wie yntusken fan East-Fryslân út mei syn leger de Ommelanners te help kaam. Op 18 juny stiene beide partijen tsjinoer elkoar by de Okswertersyl. Oanfierder fan de Skieringers wie de Frjentsjer haadling Sikke Sjaarda wurden, by de Alliearden stie Keno oan it haad.

Beide partijen wienen mânsk oanwêzich sa't letter bliken die út it grutte tal slachtoffers dat yn de slach foelen. It gie der fûleindich oan ta. Dochs waard de slach wûn troch de Alliearden en net troch de Skieringers. Neffens de lettere skiedskriuwer Ubbo Emmius soe de Eastfryske haadling Fokko Ukena dy't oan de side fan Keno focht in grutte rol spile hawwe yn it ferrin fan de slach. Oan Skieringer side sneuvele goed 500 manlju en der waarden 400 Skieringers finzen naam. De oerbleaune Skieringers sloegen op de flecht. Ek oan Alliearde side foelen in protte slachtoffers al is it krekte oantal dêrfan net bekend.

Keno hie de Skieringers yn de knipe mar lykwols soarge syn sykte dat er werom gie nei Brokmerlân. Twa dagen nei de oerwinning slette Grins, Hunsingoa en Fivelgoa in nij ferbûn dêr't sy elkoar ûnthjitte gjin bûtenlânske oan te nimmen. In part fan Keno syn leger bliuwt efter yn Grinslân ûnder lieding fan Fokko Ukkena en Sibet fan Riustringen. Sy sette de efterfolging yn op de Skieringers dy't rjochting Achtkarspelen ferdreaun wienen en setten it op in plonderen en rôve.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • E. Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010, siden 26-38.

Boarnen:

  • Worp fan Thabor, Chronicon Frisiae.
  • Sicke Benninge, Chronickel der Vriesche Landen ende stadt Groningen .
  • Ubbo Emmius, Friesische Geschiechte
  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen.