Tanana (rivier)
Tanana | ||
De Tanana yn 'e neite fan Fairbanks (Alaska). | ||
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
ûntspringt yn | gearrin fan 'e Nabesna en de Chisana | |
lokaasje boarne | Northway Junction, yn it Nasj. Faunareservaat Tetlin | |
mûnet út yn | de Yukon (rivier) | |
lokaasje mûning | Tanana | |
plakken | Tetlin Junction, Tanacross, Big Delta, Nenana, Manley Hot Springs | |
sydstreamen | Delta, Nenana, Kantishna | |
sifers | ||
lingte | 950 km | |
hichte boarne | 510 m | |
hichte mûning | 61 m | |
ferfal | 449 m | |
ôfwetteringsgeb. | 110.000 km² | |
ôffier (mûning) | 1.180 m³/s |
De Tanana (Ingelske útspr.: [ˈtænənɑː], likernôch "ten-nuh-naa") is in rivier yn 'e Amerikaanske steat Alaska. De rivier ûntstiet yn it easten fan it Alaskaberchtme, deunby de grins mei Kanada, streamt dêrnei oer in ôfstân fan 940 km oer it algemien nei it westnoardwesten en mûnet by it plak Tanana út yn 'e gruttere rivier de Yukon. Neffens de Amerikaanske taalkundige en antropolooch William Bright soe de namme fan 'e Tanana ôflaat wêze fan it wurd tene no of tenene út 'e Atapaskyske taal fan 'e Kojûkon-Yndianen, en soe it safolle betsjutte as "paadrivier", oftewol "rivier dy't tagelyk in paad foarmet".
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tanana ûntstiet út 'e gearfloeiïng fan twa lytsere rivieren, de Chisana en de Nabesna, dy't allebeide deunby de grins mei it Kanadeeske territoarium Yukon ûntspringe yn it eastlike part fan it Alaskaberchtme, de noardwestlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains. Dy gearfloeiïng fynt plak by Northway Junction, yn it Nasjonaal Faunareservaat Tetlin. Dêrwei streamt de Tanana al meänderjend nei it westnoardwesten troch it Binnenlân fan Alaska, rûchwei lykstrekich mei de rin fan it Alaskaberchtme. Oan 'e rivier lizze dêre de doarpen Tetlin en Tanacross, en de autodyk Alaska Highway rint parallel mei de rivier op.
By Big Delta streamt de Tanana in leechleine krite fan sompen yn, dy't bekendstiet as de Tananadelling. Op datselde plak mûnet de Delta, de earste gruttere sydrivier, yn 'e Tanana út. Neitiid pasearret de rivier inkele kilometers súdlik fan 'e grutte stêd Fairbanks en syn foarstêden College en Ester. Yn it sompelân foegje ferskate gruttere sydrivieren har by de Tanana, wêrûnder de Nenana by de stêd Nenana, en de Kantishna. De rivier streamt dêrnei by it doarp Manley Hot Springs lâns en mûnet dan by it stedsje Tanana út yn 'e folle gruttere rivier de Yukon.
De Tanana is 950 km lang en hat in ferfal fan 449 m. It ûntwetteringsgebiet fan 'e rivier beslacht in oerflak fan 110.000 km². By de mûning hat de Tanana in ôffier fan 1.180 m³ wetter de sekonde. Winterdeis befriest de Tanana oant de iislaach likernôch 110 sm tsjûk is. De Nenana Ice Classic, dy't bestiet sûnt 1917, is in riedspul holden yn Nenana, wêrby't dielnimmers de krekte datum riede moatte fan it opbrekken fan it rivieriis yn 'e maityd. Dêr wurdt jild op ynset dat nei in lokaal goed doel fan 'e kar fan 'e winner giet. Yn 'e ienentweintichste iuw bestiet it ôfwetteringsgebiet fan 'e Tanana noch altyd fierhinne út ûnoantaaste wyldernis, mei útsûndering fan Fairbanks en omkriten. Mar sels as dy stêd meirekkene wurdt, hat it hiele gebiet mar 100.000 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minsklike bewenning fan it ôfwetteringsgebiet fan 'e Tanana begûn mear as 12.000 jier lyn. Op ferskate plakken yn dat gebiet binne by argeologyske opgravings bewizen oantroffen foar bewenning troch Paleo-Arktyske minsken. Under de lettere bewenners fan it gebiet binne de hjoeddeistige Atapaskyske folken fan Tanana- en Kojûkon-Yndianen, dy't teminsten al 1.200 jier yn 'e regio libje.
De Russyske ûntdekkingsreizger Lavrenty Zagoskin ferkende yn 1843 en 1844 de rin fan 'e Tanana en de Kuskokwim. Yn 'e simmer 1885 ûndernaam luitenant Henry Tureman Allen fan it Amerikaanske Leger de ierst dokumintearre ferkenning fan 'e folsleine rin fan 'e rivier de Tanana. Twa jier earder wie de ekspedysje fan luitenant Frederick Schwatka de Yukon hielendal fanút Kanada ôfsakke nei de mûning oan 'e kust fan 'e Beringsee, en Allen woe in rûte nei de bopperin fan 'e Yukon fine dy't binnen de grinzen fan Alaska lei. Dêrta fearen hy en syn mannen de Koperrivier op, stieken it Alaskaberchtme oer nei it ôfwetteringsgebiet fan 'e Tanana, en sakken doe de Tanana ôf oant dy útmûne yn 'e Yukon en dêrnei fierder nei de Yukon-Kuskwokimdelta en de mûning fan 'e Yukon. Hja wiene fiif moannen ûnderweis en brochten yn dy tiid de rin fan 'e Koperrivier, de Tanana en de Koyukuk yn kaart.
Wichtichste sydrivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](yn folchoarder fan ôfrinnende hichte)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|