Springe nei ynhâld

William Williams Pantycelyn

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 sep 2020 om 02.06 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
William Williams Pantycelyn
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Williams
nasjonaliteit Britsk
berne ±11 febrewaris 1717
berteplak yn Powys (Wales)
stoarn 11 jannewaris 1791
stjerplak ? (Wales)
etnisiteit Welsk
wurk
taal Welsk, Ingelsk
sjenre hymnen, poëzij, lit. romans
perioade 18e iuw
bekendste
  wurk(en)
Arglwydd, Arwain Trwy'r
   Anialwch

Golwg ar Deyrnas Crist
Bywyd a Marwolaeth
   Theomemphus
jierren aktyf 17441791
offisjele webside
n.f.t.

William Williams Pantycelyn (berne as William Williams; Powys, ±11 febrewaris 171711 jannewaris 1791) wie in Britsk skriuwer fan hymnen, dichter, proazaskriuwer en metodistysk dûmny fan Welsk komôf, dy't sawol yn it Ingelsk as yn it Welsk skreau, hoewol't it Ingelsk foar him dúdlik in bysaak wie. Hjoed-de-dei wurdt er rûnom beskôge as de grutste hymneskriuwer fan Wales, en ien fan 'e grutste dichters en skriuwers út 'e Welske skiednis.

Williams Pantycelyn waard yn 1717 berne op it boerespultsje fan syn heit, tusken Abergwesyn en Beulah yn it Welske greefskip Powys. Hy wie de soan fan John Williams († 1742) en dy syn frou Dorothy, en groeide op op syn heite pleats, yn Cwm Cyn Nos (letterlik: de "Delling foàr de Nacht"). Hy waard nonkonformistysk grutbrocht (d.w.s. bûten de Anglikaanske steatstsjerke om), en folge earst in oplieding ta dokter, mar nei't er yn 1737 te Talgarth de metodistyske preker Howell Harris sprekken heard hie, besleat er ynstee foar dûmny te learen. Nettjinsteande syn nonkonformistysk komôf lei er yn 1740 de ûnthjitten fan in anglikaansk deken ôf, en datselde jiers noch waard er oansteld as helppredikant te Llanwrtyd, Llanfihangel Abergwesyn en Llanddewi Abergwesyn, ûnder de dûmny Theophilus Evans (1693-1767), in bekend Welsk tsjerklik foaroanman en histoarikus. Dat wie gjin grut súkses; fanwegen syn belutsenens mei lju dy't iepentlik metodistysk wiene, waard him yn 1743 de preesterwijinge ûntholden, en foar 't neist wie dat ek de oarsaak fan 'e klachten dy't syn gemeenteleden yn juny 1742 oer him yntsjinnen by it Aartsdiakonaal Hof te Brecon.

Nei syn oanfarring mei de fêstige tsjerke, yn 1743, bekearde Williams Pantycelyn him iepentlik ta it (kalvinistyske) metodisme. Hy reizge troch hiele Wales, bekearde rûnom lju ta it metodisme, en stifte lofts en rjochts saneamde seiadau (inkeltal: seiat), pleatslike metodistyske mienskippen. Mei Daniel Rowland en Howell Harris wie hy de ûnbekreaude lieder fan 'e saneamd nonkonformistyske beweging yn it achttjinde-iuwske Wales. Hy libbe de tradisjonele Reformaasje yn syn kalvinistyske foarm strang nei en wie in fûleindich bestrider fan alles dat er as ferslopping fan 'e religieuze plichten seach, lykas arminianisme, arianisme en sosinianisme.

De grêfstien fan William Williams Pantycelyn.

Williams Pantycelyn waard lykwols fral bekend troch syn skriuwwurk, dat er foar it meastepart yn syn memmetaal, it Welsk, die, al skreau ek wol yn it Ingelsk. Hy publisearre syn earste wurk, Aleluia, in samling hymnen, yn 1744. Ferskate oare gesangebondels folgen. Syn bekendste hymne is wierskynlik Arglwydd, Arwain Trwy'r Anialwch, wat letterlik betsjut "Hear, Lied My troch de Wyldernis", mar dat bekender wurden is ûnder de Ingelske titel Guide Me, O Thou Great Redeemer ("Lied My, O Jo Grutte Ferlosser"). Williams Pantycelyn syn hymnen wiene lykwols net syn iennichste bydrage oan 'e Welske taal of oan it súkses fan it metodisme yn Wales. Hy skreau twa lange gedichten oer religieuze en teologyske tema's: Golwg ar Deyrnas Crist ("In Blik op Kristus' Keninkryk"), út 1756, dat oer de graasje Gods en de ferlossing fan 'e minske fan syn sûnde troch it offer fan Jezus Kristus giet; en Bywyd a Marwolaeth Theomemphus ("Libben en Dea fan Teomemfus"), út 1764, dat de religieuze ûnderfining fan 'e bekearing ta it wiere leauwe en it libben as kristen ta ûnderwerp hat. Fan Williams Pantycelyn syn hân ferskynde fierders in rige treurdichten ta oantins fan ferskate metodistyske en oare kristlike foaroanmannen, lykas Griffith Jones fan Llanddowror, Howel Davies fan Pembrokeshire, George Whitefield en Daniel Rowland.

Boppedat skreau er guon proazawurken yn it Welsk en sette er oaren oer út it Ingelsk. Sokke boeken wiene almeast bedoeld om brûkt te wurden troch de metodistyske mienskippen dy't Williams Pantycelyn stifte hie, en hiene sadwaande oer it algemien te krijen mei godstsjinst en it kristendom. Sa publisearre er yn 1762 Lythyr Martha Philopur at y Parchedig Philo Evangelius eu Hathro ("It Brief fan Martha Philopur oan Har Learaar, Dûmny Philo Evangelius") en it jiers dêrop it ferfolch Atteb Philo Evangelius i Martha Philopur ("Philo Evangelius Syn Andert oan Martha Philopur"). Yn dizze beide wurken ferdigene Williams Pantycelyn de wichtigens fan 'e beruchte metodistyske bekearingsgearkomste te Llangeitho, yn 1762 (dêr't de Hillige Geast him fysyk manifestearre hawwe soe, wat derta late dat metodisten neitiid yn Wales wol "springers" neamd waarden). Oare proazawurken fan Williams Pantycelyn, lykas Doctor Nuptarum neu Gyfarwyddwr Priodas ("Underwizer fan de Houlikplichten, of De Houliksgids"), en Drws y Society Profiad ("In Poarte nei de Underfiningsgearkomste"), allebeide út 1777, wiene skreaun as praktykrjochte hânliedings foar metodistyske bekearlingen.

Sa't yn Wales gebrûklik wie, mei't dêr withoefolle lju binne dy't efternammen as Evans, Williams en Davies hawwe, krige William Williams meitiid in bynamme: Pantycelyn, de namme fan it boerespultsje yn 'e parochy Llanfair-ar-y-bryn, dêr't er it grutste part fan libben wenne. Syn feardichheid as hymneskriuwer smiet him noch in oare bynamme op: Y Pêr Ganiedydd ("De Swiete Sangemakker"). Fral troch it medium fan 'e hymnen dy't er skreau, en dêr't er almeast de Welske taal foar brûkte, oefene Williams Pantycelyn in tige wichtige ynfloed út op 'e Welske taalkultuer en taalstriid yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw. Williams Pantycelyn stoar yn 1791 en leit begroeven op it tsjerkhôf fan Llanfair-ar-y-bryn, oan 'e râne fan Llandovery.

Wurk (ûnfolsleine opsomming)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
hymnen
  • 1744: Aleluia ("Halleluja"; samling hymnen)
  • 1751: Hosanna i Fab Dafydd ("Hosanna oan de Soan fan David"; samling hymnen)
  • 1759: Rhai Hymnau a Chaniadau Duwiol ("Guon Godsfruchtige Hymnen en Gesangen"; samling hymnen)
  • 1759: Hosannah to the Son of David (samling hymnen; yn it Ingelsk)
  • 1762: Caniadau y Rhai Sydd ar y Môr o Wydr ("De Lieten fan Dejingen op de Kristallene See"; samling hymnen)
  • 1763: Ffarwel Weledig, Groesaw Anweledig Bethau ("Farwol Sjoene, en Wolkom Unsjoene Dingen"; samling hymnen)
  • 1771: Gloria in Excelsis (samling hymnen)
  • 1772: Gloria in Excelsis (samling hymnen; yn it Ingelsk)
  • 1774: Ychydig Hymnau ("In Pear Hymnen"; samling hymnen)
  • 1782: Rhai Hymnau Newyddion ("Guon Nije Hymnen"; samling hymnen)
gedichten
  • 1756: Golwg ar Deyrnas Crist ("In Blik op Kristus' Keninkryk")
  • 1764: Bywyd a Marwolaeth Theomemphus ("Libben en Dea fan Teomemfus")
proaza
  • 1762: Lythyr Martha Philopur at y Parchedig Philo Evangelius eu Hathro ("It Brief fan Martha Philopur oan Har Learaar, Dûmny Philo Evangelius")
  • 1763: Atteb Philo Evangelius i Martha Philopur ("Philo Evangelius Syn Andert oan Martha Philopur")
  • 1777: Doctor Nuptarum neu Gyfarwyddwr Priodas ("Underwizer fan de Houlikplichten, of De Houliksgids")
  • 1777: Drws y Society Profiad ("In Poarte nei de Underfiningsgearkomste")
  • 1762: Pantheologia, Neu Hanes Holl Grefyddau'r Byd ("Panteology, of In Skiednis fan Al Wrâlds Religyen")
  • 1767: Crocodil Afon yr Aifft ("Krokkedil fan de Rivier fan Egypte")
  • 1768: Hanes Bywyd a Marwolaeth Tri Wyr o Sodom a'r Aifft ("In Skiednis fan it Libben en de Dea fan Trije Manlju fan Sodom en Egypte")

Williams Pantycelyn yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat Fryske oersettings fan it wurk fan William Williams Pantycelyn oanbelanget, hat Klaas Bruinsma yn 2004 in fertaling makke fan syn hymne Arglwydd Arwain Trwy'r Anialwch (nei de Ingelske oersetting Guide Me, O Thou Great Redeemer), ûnder de titel Machtige Ferlosser, Lied My. Ut 'e ynformaasje yn it digitale argyf fan Tresoar kin net ôflaat wurde oft dizze oersetting ea publisearre is, mar hy is yn te sjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. Hânskrift Bruinsma, Klaas 2004.15.2.1/3.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.