Springe nei ynhâld

Huginn en Muninn

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 aug 2020 om 18.01 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Huginn en Muninn
De god Odin mei de ravens Huginn en Muninn en de wolven Geri en Freki. (Yllustraasje út 1882 troch Carl Emil Döpler.)
De god Odin mei de ravens Huginn en Muninn en de wolven Geri en Freki.
(Yllustraasje út 1882 troch Carl Emil Döpler.)
persoanlike bysûnderheden
sekse ûnbekend
soarte personaazje ravens
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Odin
Sleipnir
Geri en Freki

Huginn (Aldnoarsk foar "tins"; útspr.: [ˈhuɡinː], likernôch: "-gyn") en Muninn (Aldnoarsk foar "ûnthâld" of "ferstân"; útspr.: [ˈmuninː], likernôch: "-nyn") binne yn 'e Noardske mytology in pear alwittende ravens dy't sterk assosjearre wurde mei de god Odin. Harren nammen, wêrfan't de stavering soms (fral yn it Ingelsk) ferienfâldige wurdt ta Hugin en Munin, binne oerlevere yn ferskate Aldiislânske boarnen. De beide fûgels fleane oer hiel Midgard (d.w.s. de minskewrâld), en foarsjogge Odin oanhâldend fan ynformaasje oer alles. Huginn en Muninn hearre ta de selskipsdieren fan Odin, yn 'e mande mei de achtskonkige hynst Sleipnir en de wolven Geri en Freki.

De nammen fan Huginn en Muninn en harren rollen yn 'e Noardske mytology binne oerlevere yn ferskate Aldiislânske boarnen. Dêrûnder binne de Poëtyske Edda, in dichtbondel dy't yn 'e trettjinde iuw gearstald waard út eardere boarnen; de Proaza-Edda en it Heimskringla, teksten dy't yn 'e trettjinde iuw skreaun waarden troch de grutte skald Snorri Sturluson; it Trêde Grammatikale Traktaat fan Óláfr Þórðarson, ek út 'e trettjinde iuw; en de wurken fan ferskate oare skalden.

Yn it gedicht Grímnismál, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Poëtyske Edda, jout Odin (yn 'e momkape fan 'Grímnir') oan 'e jonge Agnarr Geirröðsson ynformaasje oer de seslkipsdieren fan Odin. Dêrby fertelt er dat de ravens Huginn en Muninn eltse dei oer hiel Midgard (de minskewrâld) fleane om ynformaasje foar de god te sammeljen. Ek jout er priis dat de god oanhâldend yn noed sit oer de fûgels, mei't er bang is dat se op in dei net werkomme sille. Syn noed om Huginn is grut, mar dy om Muninn noch grutter.

Yn it Gylfaginning, in diel fan it 'e Proaza-Edda, fertelt de op in troan sittende Hege (op 'e nij in alter ego fan Odin) oan 'e as Gangleri ferklaaide kening Gylfi dat twa ravens mei de nammen Huginn en Muninn op 'e skouders fan Odin sitte. Se hearre en sjogge alles. De god stjoert se by moarnsdage út oer de wrâld en se binne jûns foar iten wer thús. Dêrnei flústerje se him alles yn dat se sjoen en heard hawwe, sadat Odin op 'e hichte holden wurdt fan withoefolle dingen. Om dy reden soe Odin wol de "Ravensgod" neamd wurde.

Huginn en Muninn sitte op 'e skouders fan Odin. (Yllustraasje út in 18e-iuwsk Iislânsk manuskript.)

Yn it Skáldskaparmál, in oar ûnderdiel fan 'e Proaza-Edda, wurde de nammen fan Huginn en Muninn neamd yn in list fan 'kennings' (dichterlike oantsjuttings) foar ravens. Dêrby wurde sitaten oanhelle út in gedicht fan 'e skald Einarr Skúlason, wêryn't 'Muninn' brûkt wurdt as in synonym foar it haadwurd 'raven', wylst 'Huginn' oanhelle wurdt as in kenning foar 'kadaver'.

Yn 'e Ynglinga Saga, in sêge dy't ûnderdiel útmakket fan it Heimskringla, wurdt ferteld dat Odin twa ravens hat, dy't er de jefte fan spraakfermogen jûn hat. Hy lit se oer de hiele wrâld fleane en him ynformaasje bringe oer alles dat se sjogge en hearre. Fan gefolgen is Odin "tige wiis yn syn kennis" wurden.

Yn it Trêde Grammatikale Traktaat is in anonym fers fêstlein dat neamt hoe't de ravens fan 'e skouders fan Odin opfleane: Huginn om ophongenen te sykjen en Muninn op 'e sneup nei liken.

Ofbyldings fan wat Odin en syn ravens foarstelle kinne soene, binne weromfûn op fûgelfoarmige brosjes út 'e Izertiid, medaljons út 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren, helmplaten en oare artefakten út 'e Wytsingtiid, en in diel fan it saneamde Krús fan Thorwald op 'e Mankske Runestiennen (op it eilân Man) út 'e tsiende en alfde iuw.

In helmplaat út 'e Wytsingtiid, fan in ruter begelaat fan twa ravens, dy't it opnimt tsjin in slange.

Teologen en oare godstsjinstûndersikers hawwe de relaasje tusken Odin en Huginn en Muninn yn ferbân brocht mei sjamanistyske praktiken. Sa seach John Lindow it fermogen fan Odin om syn tinzen (Huginn) en ferstân (Muninn) omfierrens te stjoeren as in ferwizing nei de trânssteat dy't sjamanen berikke kinne. De noed fan 'e god om 'e weromkear fan 'e ravens, dy't yn it Grímnismál neamd wurdt, soe dan slaan op it gefaar dat eltse sjamaan rint om sa djip yn trâns wei te wurden dat er it paad nei syn eigen lichem net mear weromfine kin.

Anthony Winterbourne brocht in teory op it aljemint dy't Huginn en Muninn ferbynt mei it Noardske konsept fan 'e fylgja, dat trije betsjuttings hat: gelok, it fermogen om fan stal te wikseljen, en in beskermgeast. De fylgja yn 'e sin fan in beskermgeast, in saneamde hamingja, die him foar as in soarte fan geastlike dûbelgonger fan in minske, dy't de foarm fan in bist oannimme koe. Winterbourne hold út dat de reis fan 'e geast fan in sjamaan nei oare lokaasjes symbolisearre wurdt troch it idee fan 'e stalferwikseljende siel fan 'e hamingja.

Rudolf Simek is kritysk oer sokke ynterpretaasjes, dy't neffens him inkeld stuolje op 'e útlis fan 'e nammen fan Huginn en Muninn. Hy ornearret nammentlik dat dy nammen nea net folle earder optocht wêze kinne as yn 'e njoggende of tsiende iuw, wylst de beide ravens sels, sa blykt ûntsjinstriidber út argeologyske fynsten, al folle langer in wichtige rol yn it Germaanske heidendom spilen. Simek sjocht dêrom yn Huginn en Muninn ynstee in útrinder fan 'e bredere ravenssymbolyk dy't foarkaam yn 'e Germaanske wrâld, dêr't bgl. ek de ravensbanier diel fan útmakke, dy't beskreaun wurdt yn ferskate Angelsaksyske kroniken en Skandinavyske sêgen.

Bernd Heinrich hat oppenearre dat Odin en de ravens Huginn en Muninn en de wolven Geri en Freki ienfâldichwei steane foar in biologyske symbioaze fan minsken, ravens en wolven dy't men yn earder tiden ek yn 'e natoer sjen koe by de jacht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.