Ernst Knorr
Ernst Knorr (Heiligenbeil, 13 oktober 1899 – Skeveningen, 7 july 1945) wie in SS-offisier mei de rang fan Untersturmführer. Hy joech lieding oan de SD en tsjinne by Referat IVA (Bekämpfung Kommunismus) fan de Sicherheitsdienst yn De Haach en wie in wreed ferneamde beul by verhoren.
Karriêre yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knorr hie in doktorstitel. As ûnder de ferhoaren minsken tramtearre wurde moasten, waard dat eufemistysk oantsjut mei dat se dokter der by helje soene. Hy wurke op Binnenhof 7 yn De Haach. Oant begjin juny 1941 waarden de kommunisten wol yn it each holden, mar mei opset sin noch net arrestearre. Mei dêrtroch koe Knorr by oare saken belutsen wurde. Sadwaande wie er ek by it gewelddiedich ferhoar fan de Geus Sjaak Boezeman dy't dêrby it libben ferlear.
Fan begjin juny 1941 ôf wie er belutsen by it gewelddiedich ûnderfreegjen fan Haachske kommunisten. Op 2 septimber 1941 wie er de oanfierder fan in team fan 3 oant 5 persoanen dat de kommunist Herman Holstege yn it Oranjehotel wreed ûnderfrege. It wie de bedoeling dat Holstege, dy't in moanne lang neat sein hie, de nammen fan syn kontaktpersoanen by de kommunisyske partijlieding yn Amsterdam neame soe. Knorr fernielde de terms fan Holstege troch in gummykneppel yn syn anus te wramen. Holstege joech lykwols net folle priis en neamde de nammen fan de lieding yn Amsterdam net. Hy stoar de oare deis.
Yn de rin fan 1942 waard Knorr op in sydspoar set en ferfongen troch Hans Munt. Yn neioarlochske ferslaggen fertelde Munt dat syn gewelddiedigens de reden fan de posysjeferoaring wie, mar yn de praktyk gie it marteljen fan kommunisten troch.
Op 19 febrewaris 1943 waard yn Delft in leage set foar de kommunistyske fersetsman Gerrit Kastein. Trije SD-mannen wachten him op yn in kafee. Kastein waard oanholden en nei de auto brocht dêr't Knorr op harren wachte. By de auto slagge it Kastein in pistoal te lûken en te sjitten. Knorr rekke frij slim ferwûne.
Yn de rin fan 1943 waard Knorr oerpleatst nei Grins dêr't er yn it Scholtenhûs kaam te wurkjen. Ek dêr pykte er der út troch syn wredens. Hy fermoarde ûnder oaren de fersetsstriidster Esmée van Eeghen; har lichem waard yn it Van Starkenborghkanaal smiten.
Op 16 april 1945 luts Knorr him mei in tal Dútske militêren werom op Skiermûntseach. It wie de bedoeling dat jin mei in boat fan Borkum ôf ophelle wurde soene om nei Dútslân te ûntkommen. Pas op 27 maaie gie in Nederlânsk ofsier nei it eilân om te easkjen dat se har oerjoegen. It wiene de lêste Dútske militêren yn Jeropa dy't harren oerjoegen. De groep waard op 30 maaie yn de finzenis yn Grins fêstset. Knorr waard op 27 juny troch de Kanadeeske Field Security oerbrocht nei de saneamde Kings Prison yn Skeveningen, fêstige yn de straffinzenis.
Op 7 july 1945 waard Knorr dea yn syn sel fûn mei in ein touw om 'e nekke. Neffens ferklearringen fan oare Dútsers yn de finzenis wie Knorr lykwols slim tramtearre en dêrtroch dea rekke. Der waard gjin lykskôgingsrapport opmakke. Letter ferklearre in finzenisdokter dat it technysk dochs mooglik wie dat Knorr selsmoard dien hie troch it tou leech oan de muorre fêst te meitsjen en himsels te wjirgjen troch foaroer te hingjen.
Knorrs lichem waard nei sikehûs Zuidwal brocht en nettsjinsteande dat it dy wike tige waarm wie earst op 14 july op it Algemiene Begraafplak beïerdige. Syn fertsjerren waard net offisjeen oanjefte fan dien, dat de begraffenis wie feitlik yllegaal. Op 10 oktober 1958 waard Knorrs lichem opdold en waard it nei it Dútske militêre begraafplak yn Ysselsteyn brocht. Op syn grêf stiet neist syn namme ek as rang: Soldat.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nico de Both, Het Scholtenhuis 1940-1945, In Boekvorm Uitgevers, 2008
- Monique Brinks, Het Scholtenhuis 1940 - 1945 diel 2 Daders, 2013, Utjouwerij Profiel Bedum, ISBN 9789052945446
- R. Harthoorn, Vuile oorlog in Den Haag, Van Gruting, 2011