Dachau (konsintraasjekamp)
Appearance
It konsintraasjekamp Dachau wie it earste grut opsette konsintraasjekamp fan de SS yn nazy-Dútslân. It lei beëasten de Súd-Dútske stêd Dachau yn Beieren, sa'n 20 km noardwestlik fan München, de haadstêd fan de nazibeweging. It waard brûkt fan 22 maart 1933 oant de befrijding troch Amerikaanske troepen op 29 april 1945.
Yn de jierren 1933 oant 1945 waarden totaal 206.200 minsken út tritich lannen yn Dachau fêstholden. It tal deaden fan Dachau berint 25.613 yn it haadkamp en noch ris 10.000 yn de subkampen.[1]
Bekende finzenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pim Boellaard - Nederlânsk fersetsman
- Titus Brandsma - karmelyt, preester, ferzetsman, ex-rektor Universiteit fan Nymwegen
- Jan Campert - skriuwer
- Ludo van Eck - Flaamsk auteur
- Georg Elser - Dútsk fersetsman (oanslach op Adolf Hitler
- Jan Ysbrands Galama - pastoar
- Albert Béla Haas - arts en fersetsstrider
- Ed. Hoornik - Nederlânsk dichter en skriuwer
- Herman Knoop - predikant, skriuwer fan Een theater in Dachau
- Bib van Lanschot - Nederlânsk fersetsman
- Noud van Lierop - preester, haadredakteur Katholieke Wereld Pers
- George Maduro - Nederlânsk fersetsman
- Martin Niemöller - Dútsk predikant
- Jacobus Overduin - Nederlânsk predikant, skriuwer fan Hel en hemel van Dachau
- Robert Regout - preester, jezuïet en heechlearaar ynternasjonaal rjocht
- Pim Reijntjes - redakteur-ferslachjouwer
- Nico Rost - Nederlânsk skriuwer en sjoernalist
- Joh. Rothkrans - preester, skriuwer fan Dachau, hel en hemel (1957)
- Arie van Soest - Nederlânsk fersetsman, yllegale krante Het Parool
- Hans Teengs Gerritsen - fersetsman
- Carel Steensma - piloat en fersetsman
- Jan Willem Tunderman - predikant
- Herman Bernard Wiardi Beckman - Nederlânsk politikus (SDAP en Earste Kamerlid)
- Nanne Zwiep - predikant
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Dachau.nl
- (dú) Gedenkstätte Dachau
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|