Nanne Zwiep

Ut Wikipedy
Ferstjerakte fan Nanne Zwiep, finzene yn Dachau. Rapportearre deadsoarsaak: “Hert- en sirkulaasjesteuringen feroarsake troch hertfalen.”

Nanne Zwiep (Beemster, 3 augustus 1894 - Dachau, 24 novimber 1942) wie in frijsinnich Nederlânsk-herfoarme predikant yn Ynskedee, dy't troch de nazys arrestearre waard ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch. Zwiep stoar yn it konsintraasjekamp fan Dachau, by München.

Zwiep waard predikant yn Enschede yn 1929 en wie dêr in bekend persoan. Op snein 19 april 1942 ferklearre er yn de preek dat er tsjin it nasjonaalsosjalisme en de joadefervolging wie. De oare deis waard er arrestearre; nei't er fiif moannen ûnderfrege wie yn de finzenissen fan Arnhim en Amersfoart waard er nei Dachau transportearre. Nei twa moannen kamp stoar er op 24 novimber 1942.

Ta oantins fan Zwiep waard al op 1 maaie 1945 in scoutinggroep yn Ynskedee (Scouting Nanne Zwiep) nei him ferneamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]