Carel Steensma
Carel Christiaan Steensma (Frjentsjer, 10 augustus 1912 – Haren, 4 maaie 2006) wie in Nederlânsk piloat en fersetsstrider. Hy wurke by de KLM en wie foarsitter fan it Nederlânsk Dachau Kommitee.
Steensma groeide op as soan fan in fabrikant. Hy emigrearre nei Kanada om boer te wurden, mar kaam werom nei Nederlân en waard piloat. Steensma helle syn earste fleanbrevet op fleanfjild Waalhaven. Hy wie militêr fleander, KLM-gesachfierder en ynstrukteur fan de Ryksoplieding foar Ferkearsfleanders. Dêrneist wurke er ûnder de namme 'Carel Christiaan' foar de Nederlânske militêre geheime tsjinst GS III. As er as KLM-piloat boppe nazi-Dútslân fleach, seach er oft se dwaande wiene om nije fleanfjilden oan te lizzen. Blykte soks sa te wêzen, dan makke er sa no en dan in skynneedlanning om fan tichtby waarnimmings dwaan te kinnen.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 maaie 1940 fleach Steensma frijwillich yn in Fokker D XXI om trije Fokker T V's te eskortearjen dy't Waalhaven bombardearje moasten. Hy waard oanfallen troch trije Messerschmitt Bf 109's, wist ien dêrfan del te heljen, en lanne op Schiphol mei in ferwûning oan syn skonk. Op 2 septimber 1941 besocht er mei Boy Ruys de Perez en N.G. Voute mei de boat nei it Feriene Keninkryk te flechtsjen. De boat waard besketten wêrby't de motor stikken gie. It trijetal waard arrestearre. Steensma wie yn syn rjochterskonk rekke. Hy siet yn ferskate konsintraasjekampen, ûnder mear yn Natzweiler-Struthof, dêr't syn skonk troch in mei-finzene dy't sjirurch wie yn it geheim ôfsetten waard, sûnder narkoaze. Yn de hjerst fan 1944 waard er yn de deadewagon fan Natzweiler nei Dachau ferfierd. Hy wist ien syn oandacht te lûken en waard tusken de liken wei helle. Yn it kamp rekke er befreone mei Pim Boellaard en fierde er diskusjes mei Nico Rost. Steensma waard yn de sikeboech ferside brocht en oerlibbe sa de oarloch. Nei de kapitulaasje fan Dútslân organisearre er mei in tal oare Nederlânske finzenen, wêrûnder Hans Teengs Gerritsen, in autobus dêr't it selskip mei nei Nederlân reizge. De bus waard ynearsten by Vaals tsjinhâlden omdat de ynsittenden gjin jildige papieren hienen.
Nei-oarlochske aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oarloch koe Steensma net langer fleane. Hy waard direkteur Súdlik Amearika by de KLM en wenne lange tiid op Kurasau en wie mei-oprjochter fan it Bonêre National Marine Park. Yn 1964 folge er Pim Boellaard op as foarsitter fan it Nasjonaal Dachau Kommitee. Hy spande him yn foar it behâld fan Dachau as monumint, en hie te meitsjen mei de oprjochting fan it Nederlânske Nasjonaal Dachau Monumint yn de Amsterdamske Bosk.
Fierdere personalia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steensma troude op 29 maaie 1937 yn De Haach mei Tine de Veer en krige mei har trije soannen.
Steensma wie mear as fyftich jier befreone mei keninginne Juliana en prins Bernhard. Neidat er yn 2002 yn it telefyzjeprogramma Hoge Bomen in boekje iepen dien hie oer de bûtenechtlike ferhâldings fan de prins, leine se inoar net mear. Steensma wie drager fan de Brûnzen Liuw. Hy ferstoar op 93-jierige leeftiid yn syn wenplak Haren.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De bus uit Dachau, troch Jos Schneider en Gijs van de Westelaken, 1987, útjouwerij HP-Balans te Amsterdam, ISBN 90-5018-027-2
- Frysk piloat
- Frysk soldaat
- Frysk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk misdieslachtoffer
- Frysk bestjoerder
- Nederlânsk piloat
- Nederlânsk soldaat
- Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk bestjoerder
- Oerlibbene fan Natzweiler-Struthof
- Oerlibbene fan Dachau
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Frjentsjer
- Persoan berne yn 1912
- Persoan stoarn yn 2006