Springe nei ynhâld

Bellingwedde

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jul 2020 om 22.21 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Doarpen: Sa)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Bellingwedde

Fêsting Aldeskâns
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak Wedde
grutste plak Bellingwolde
ynwennertal 8.921 (30 april 2017)
oerflak 110,13 km²
tal doarpen 8
ferkearsieren N368
skiednis
oprjochte 1968
Foar 1968 Bellingwolde
Wedde
opheft 2018
opgien yn Westerwâlde
no part fan Westerwâlde
oar
netnûmer 0597
postkoade 9566-9569, 9695-9699
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Bellingwedde is in eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie yn 1968 troch it gearfoegjen fan de gemeenten Bellingwolde en Wedde. Op 30 april 2017 hie Bellingwedde 8.921 ynwenners, del fan de 9.549 ynwenners dy't de gemeente yn 2000 hie. De gemeente hie in oerflak fan 110,13 km².

Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Bellingwedde mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.

De gemeente Bellingwedde hie de folgjende offisjele kearnen:

Ynwenners de kearn
1 jannewaris 2006
Plaknamme Ynwenners
Bellingwolde 2.590
Blijham 2.260
Vriescheloo 720
Wedde 630
Rhederbrug 610
Veelerveen 610
Morige 430
Wedderheide 260
Wedderveer 140
Aldeskâns 90
Lyts-Ulsda 50

Boarne:CBS

Oare offisjele kearnen:

Buorskippen en oare net-offisjele kearnen: De Bult, Hoorn, Hoornderveen, Koudehoek, De Lethe, Lutjeloo, Morige, Tjabbesstreek, Wedderheide, Westeind, Wynskoaterhegebrêge (foar in part).

Yn 2006 wie it fuortbestean fan de gemeente net wis. Der wiene stimmen dat de gemeente ta de nij te foarmjen gemeente Aldamt foege wurde soe. It gemeentebestjoer makke doe lykwols buorkundich dat as der in weryndieling komme soe, de foarkar nei it gearfoegjen mei Vlagtwedde wie. Yn 2010 sprutsen Bellingwedde, Vlagtwedde en Stedskanaal út foarstanners te wêzen foar fiergeande yntergemeentlike gearwurkjen, dêr't as einbeslút de trije gemeenten ûnôfhinklik bliuwe soene.

Boargemaster Engbert Drenth wie by syn ôftreden op 1 maart 2007 de langstsittende boargemaster fan Nederlân (sûnt 1979).

Topografyske gemeentekaart fan Bellingwedde