Springe nei ynhâld

Hendrik Petrus Berlage

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jul 2020 om 01.07 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hendrik Petrus Berlage
De Beurs fan Berlage, Amsterdam
Gemeentemuseum De Haach
It jachtslot St. Hubertus
Plan Súd, Amsterdam

Hendrik Petrus Berlage (Amsterdam, 21 febrewaris 1856De Haach, 12 augustus 1934) wie in Nederlânsk arsjitekt en stêdeboukundige dy't in soad ynfloed hân hat..

Berlage waard berne oan de Keizersgrêft yn Amsterdam as bern fan begoedige, liberale âlden. Nei syn bernejierren ferhûze er mei syn âlden nei Arnhim, dêr't er nei de HBS gie. Yn dy tiid stoar syn mem en troude syn heit op 'en nij. Syn skoalleresultaten hiene dêr ûnder te lijen, mar Berlage fûn wol it paad nei de arsjitektuer. Hy studearre oan de ETH, de Eidgenössische Technische Hochschule yn Zürich, dêr't er yn oanrekking kaam mei de ideeën fan de arsjitekten Gottfried Semper en Eugène Viollet-le-Duc. Yn syn klassike boustyl binne fral de teoryen fan Semper dúdlik te fernimmen. Nei syn stúdzje gong Berlage oan de slach op it buro fan Th. Sanders, mei wa't er him yn 1884 assosjearde. Tegearre ûntwurpen se ferskate gebouwen yn neorenêssânsestyl.

Selsstannich arsjitekt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1889 begûn Berlage foar himsels. Yn 't earstoan ûntwurp er fral yn de doe wenstige neostilen (winkelpân Focke & Meltzer, Kalverstraat, Amsterdam), mar geandewei begûn er te eksperimintearjen yn in mingfoarm fan rasjonalisme en Jugendstil (sjoch ek: Om 1800 beweging). Dit is it meast te sjen yn de ûntwerpen foar de fersekeringsmaatskippij De Nederlanden van 1845, foar wa't er hûsarsjitekt wie, bygelyks dy oan it Muntplein te Amsterdam. Dizze gebouwen kundigje al Berlage syn Beurs oan, en binne ek mei de reden west wêrom't wethâlder Willem Treub Berlage nei foarren skode as de arsjitekt fan de nije Keapmansbeurs yn Amsterdam. De styl fan Berlage joech uting oan de tinkwrâld dy't Berlage en Treub dielden: it radikaal liberalisme, in nije politike streaming dy't as foarrinner fan de sosjaaldemokrasy sjoen wurde kin. Berlage beskôge syn lêste wurk, it Haachske Gemeentemuseum, as syn bêste. Hy hat klearkommen (1935) dêrfan lykwols net mear meimakke.

Fan de ein fan de 19e iuw ôf wie it rasjonalisme in wichtige streaming yn de arsjitektuer. Berlage ûntwurp fanút de ideeën fan dy opfetting. De Keapmansbeurs yn Amsterdam is Berlage's belangrykste wurk út dizze perioade (en fan syn hiele oeuvre) en wurdt beskôge as it begjin fan de moderne arsjitektuer yn Nederlân. De styl waard oernaam troch arsjitekten as Tjeerd Kuipers, Willem Dudok en Alexander Kropholler, dy't harren dêr noch lang troch ynspirearje lieten, ek nei't Berlage self allang oare paden ynslein wie. It rasjonalisme rôp in tsjinbeweging op yn de foarm fan de Amsterdamske Skoalle, dêr't de arsjitekten fan no krekt in wichtige rol spilen by de ynfolling fan Berlage syn útwreidingsplan foar Amsterdam, it Plan Súd.

Amerikaanske ynfloeden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in besite oan de Feriene Steaten yn 1911 rekke Berlage ûnder de yndruk fan it wurk fan Frank Lloyd Wright en oare wichtige Amerikaanske arsjitekten. Oant de ein fan Berlage's karriêre ta is dizze Amerikaanske ynfloed yn syn wurk dúdlik oanwêzich.

Berlage wie in sosjalist dy't fakmanskip, hânarbeid en de gearwurking tusken ferskillende ambachten heech hie.

Gesamtkeunstwurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de meast yn it each rinnende skaaimerken fan Berlage syn wurk is dat syn ûntwerpen basearre binne op it idee fan it 'Gesamtkeunstwurk', de syntese fan de keunsten.

In protte fan Berlage's wurk is yn Amsterdam. Neist de Beurs fan Berlage en it plan foar Amsterdam-Súd (Plan Súd), binne dêr it gebou foar de Algemene Nederlandse Diamantbewerkers Bond 'De Burcht', it gebou foar ‘De Algemeene’ (Algemeene Maatschappij van Levensverzekering en Lijfrente), de Berlagebrêge en it Mercatorplein. Ek yn Den Haach hat er in soad út de wei set. Dêr boude er ûnder oaren twa gebouwen foar 'De Nederlanden van 1845' en it Laakkertier. De Christian Sciencechurch is de ienige tsjerke fan Berlage dy't boud is. Yn 1914 ûntwurp Berlage, doe yn tsjinst by it pear Kröller-Müller, it Jachthûs St. Hubertus. Dat wie de bûtenpleats fan de famylje, yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe. Berlage's lêste grutte wurk is it Gemeentemuseum Den Haach. In oar wichtich wurk is it eardere gemeentehûs yn Uskwert, ien fan de twa útfierde ûntwerpen fan him yn Grinslân; it oare is it saneamde Prof. Heymanshûs (namme fan de opdrachtjouwer) yn de stêd Grins, skean tsjinoer it haadstasjon. Yn Drinte hat Berlage ek boud yn opdracht fan mefrou Kröller-Müller: de pleats De Schipborg, neamd nei it doarp fan dy namme.
Foar hast al syn gebouwen ûntwurp Berlage ek it meubilêr, dit ek yn de geast fan it konsept "Gesamtkunstwerk". Yn 1900 wie er belutsen by de oprjochting fan 't Binnenhuis, in "ferkeaplokaal foar ambachtskeunst." Ut en troch wie Berlage ek boekbânûntwerper.

Yn 1970 waard in moannekrater nei him neamd, de Berlagekrater. Teffens hawwe in protte strjitten, in stikmannich skoallen en hûzen en in arsjitektueroplieding, it Berlage Institute (Rotterdam), syn namme krigen.

  • H.P. Berlage: Mijn Indische Reis, Gedachten over cultuur en kunst (1931).
  • H.P. Berlage: Het wezen der bouwkunst en haar geschiedenis (aesthetische beschouwingen) (1934).
  • Berlage en Amsterdam Zuid. Under redaksje fan Karin Gaillard en Betsy Dokter. Stichting Berlage Jier 1992. Gemeenteargyf Amsterdam. Utjouwerij 010 Rotterdam. Amsterdam/Rotterdam 1992.
  • Manfred Bock, Jet Collee, Hester Coucke, H.P. Berlage en Amsterdam. Gids langs architectuur projecten. Meulenhoff/Landshoff yn gearwurking mei ARCAM, 1987.
  • Pieter Singelenberg: Het Haags Gemeentemuseum van H.P. Berlage. Gemeentemuseum De Haach 1996. ISBN 90-6730-103-5.

Keppelings om utens en boarnen/noaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • H.P. Berlage (22 maaie 1884) 'Gottfried Semper', Bouwkundig Weekblad, 4e jiergong, nûmer 21, sd. 142-146. Sjoch UB Delft, UB Delft en UB Delft.
  • Sanders & Berlage (11 juny 1884) 'Het Volkskoffiehuis aan de Ruyterkade', Bouwkundig Weekblad, 4e jiergong, nûmer 24, s. 161. Sjoch UB Delft en UB Delft.