Springe nei ynhâld

Hûs Doarn

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 jul 2020 om 03.15 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hûs Doarn
Hûs Doarn
Hûs Doarn
Byld fan Wilhelm II en op de eftergrûn Hûs Doarn
Poartegebou
Poartegebou binnenkant
Poartegbou
Dowetille

Hûs Doarn (Nederlânsk en offisjeel: Huis Doorn) is in kastiel, ridderhofstêd en landguod op de Utertske Heuvelrêch by Doarn yn de provinsje Utert.

Untstean enarsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In earste fermelding fan it plak Doarn stamt út it jier 838. It Midsiuwske Hûs wie oarspronklik in wetterburcht dy't oan 'e ein fan de 13e iuw boud waard foar domproast Adolf van Waldeck.[1] Yn de iuwen dêrnei bleau it Hûs besit en residinsje fan de domproasten fan Utert. In 1322 waard it ferwoaste. Ungefear fiifentweintich jier letter waard mei de werbou begûn. Yn 1536 waard it in ridderhofstêd.

Yn de 16e en 17e iuw ferriisden der om it binnenplein wengebouwen, dy't no ien gehiel foarmje mei it haadgebou. Yn 1796 waard it yngreven ferboud, mooglik ûnder lieding fan de Amsterdamse arsjitekt Abraham van der Hart. It omlizzende park waard oanlein yn Ingelske lânskipsstyl.

De omfang fan it lângoed foarme in belemmering foar de ûntwikkeling fan it doarp Doarn. Yn 1874 waard it lângoed ferkavele.

Ein 19e iuw waard it hûs bewenne troch Frans Labouchère (1854-1938), dy't wethâlder wie fan de gemeente Doarn en yn 1894 de earste foarsitter fan de Doornsche Golf waard.

It Hûs krige syn bekendheid aan de Dútske keizer Wilhelm II. Nei de Novimberrevolúsje fan 1918 frege en fûn hy asyl yn Nederlân. Syn ferbliuwplak wie ynearsten Kastiel Amerongen mar hy wist út eigen middelen al yn 1919 Hûs Doarn oan te keapjen. Hy liet de oprydleane fan de Doarpsstrjitte ferlizze nei de rêstigere Doarnsewei, hjir ferriisde ek it poartegebou dat yn in Hollânske neo-renêssânsestyl boud waard. Fanôf 1920 oant syn dea yn 1941 bewenne hy it Hûs Doarn, dat hy ynrjochte mei objekten út syn paleizen yn Berlyn en Potsdam. Dizze hûsboed kaam yn 59 wagons nei Nederlân ta. Ten noarden fan it Hûs stiet Wilhelm syn mausoleum, boud ûnder lieding fan de Berlynske arsjitekt E. Kiessling.

De winsk fan keizer Wilhelm II wie om yn Dútslân bysetten te wurden as de monargy westeld wêze soe. In soad foarâlden fan de keizer rêste yn de Dom fan Berlyn. Hjir binne te finen 80 sarkofagen fan Pruisyske keningen.

It Hûs en it lângoed waarden yn 1945 as Dútsk besit fikearre en binne no besit fan de Steat fan de Nederlannen (Ryksgebouwetsjinst) as ferselsstannige Ryksmuseum. De ynrjochting is net mear hielendal lyk as doe't de keizer der wenne. Der is besocht safolle mooglik autentyk te hâlden, mar yn it ferline binne der wol inkele dielen fan de kolleksje weromjûn oan de erfgenamten fan de keizer, de famylje fan de Hohenzollern en wurde der soms ek spullen útliend foar eksposysjes op oare plakken.

Op de bel-etaazje en de earste ferdjipping binne de keamers noch hast kompleet autentyk. Hûs Doarn hat dêrtroch skitterjende ynterieurs en hûsfêstet in útsûnderlike kolleksje keizerlike keunstfoarwerpen, unyk yn Europa. Museum Hûs Doarn jout in autentyk byld fan it libben fan dizze foarst yn ballingskip en belichemt in wichtich kearpunt yn de Europeeske skiednis.

  • It hûs is yn 1962 besocht troch Cecilia van Pruisen, in pakesizzer fan de keizer.
  • Kees 't Hart hat Hûs Doarn as dekcor yn syn roman De keizer en de astroloog brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Kolman, C. et al. (1996), Monumenten in Nederland: Utert, side 109–111. Waanders Utjouwers, Swol. ISBN 90-400-9757-7