Josef Wilhelm Bernard Cohen
Josef Wilhelm Bernard Cohen | ||
Joop Cohen en de frou | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 juny 1904 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 3 maaie 1942 (37 jier) | |
stjerplak | Slot Hartheim, Alkoven | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Nederlânsk Herfoarme predikant |
Josef (Joop) Wilhelm Bernard Cohen (Amsterdam, 30 juny 1904 - Slot Hartheim (Alkoven), 3 maaie 1942) wie in kristen-pasifiskysk predikant yn Dokkum fan 1935 oant 1942 fan joadsk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cohen wie in soan fan Barend Cohen (1870-1908) en Elisabeth Polak (1870-Dimter, 1940). Hy studearre oant 1927 teology oan de Universiteit fan Utert. Dêrnei stie er as herfoarme predikant yn Wapserfean (1930) en fan 1935 oant syn dea yn 1942 yn Dokkum.
Teology wie Cohen syn sterkste kant net, mar hy wie in emosjoneel preker. Hy wie in fûl anty-militêrist en drankbestrider. Syn anty-militêrystysk sprekken joech wolris opskuor. Op in iepenloftgearkomst fan Kerk en Vrede yn Dokkum yn 1935 trúne er oan ta tsjinstwegering. Dat kaam him te stean op 14 dagen selstraf. Yn maaie 1941 feroardiele er it nasjonaal-sosjalisme yn syn preek. Nei him ûnderfrege te hawwen liet de SD him wer gean. Nei in preek oer Hannelingen 5:29 ('Men moat mear nei God as nei de minsken harkje') waard er wer ferret en oanbrocht by de SD. Op 22 july waard er arrestearre en fia de Ljouwerter finzenis nei Dachau transportearre dêr't er op 24 septimber oankaam. Cohen syn hâlden en dragen dêr wurdt omskreaun as 'moedich en nommel'.
De ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen syn Joadsk komôf waard er dêr minner behannele as oare predikanten. Op 4 maaie 1942 waard er op ynvalidetransport set fan Dachau nei Slot Hartheim (Tötungsanstalt Hartheim) yn Alkoven. Dêr waard er fergast. [1] Neffens it Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme en oare boarnen wie Cohen syn stjerdatum 23 maaie en stoar er yn konsintraasjekamp Dachau.
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De boosaardige geesten in het luchtruim. Evangelieprediking over Ephese 6:12 (Leidsche vertaling) naar aanleiding van de Luchtbeschermingsoefeningen uitgesproken in de Groote Kerk te Dokkum op 8 maart 1936, útj. Fa. J. Kamminga.
Oer Cohen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Schregardus, W., Gods woord als vuur. Ds. J.W.B. Cohen, geboren 30 Juni 1904 - overleden 1942. 1949
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mear gegevens en foto by joodsmonumen.nl
- Friesland Zoals Het Was, septimber 1939
- Dominee Cohen herdacht
- Monumint NH-tsjerke Dokkum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten |