Springe nei ynhâld

Drankbestriding

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Drankbestrider)
Affysje fan Albert Hahn

Drankbestriding hie as doel om in ombûging fan de drinkgewoantes te befoarderjen yn dy sin, dat it brûken fan alkoholfrije dranken dat fan de alkoholhâldendedranken mear en mear ferkringe soe en it oansjen fan dejingen dy't har hielendal ûnthâlde fan it brûken fan alkohol as genot- of bedwelmingsmiddel, tanimme sil. De drankbestriding wie fanâlds in sterke Fryske beweging. Fan alle Nederlânske organisaasjes hat de Fryske ôfdieling noch lang aktyf west as Algemiene Nederlânske Drankbestriding Organisaasje (ANDO). Dêrneist hie it as doel it befoarderjen fan kulturele ferheffing, it oankweken fan bruorskip, freonskip en ferdraachsumens, sawol nasjonaal as ynternasjonaal.

Yn 1963 fusearren de Ynternasjonale Organsaasje fan Goede Tempelieren, de Snelferkear Unthâlders Feriening, de Nederlânske Feriening ta Ofskaffing fan alkoholhâldende Dranken (Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Sterken Drank) en in diel fan it Algemiene Nederlânske Hielûnthâlders Bûn ta de ANDO. De organisaasje telde per april 1974 2733 leden yn Fryslân yn 28 ôfdielings, 5 wurkgroepen en 13 korrespondintskippen. Yn de jierren santich is de jongereinorganisaasje: VOOR Nofterheid, Frede en Freonskip" wêrfan in grut diel fan de leden yn Fryslân wenne, aktyf woarn. Dy organisaasje fierde yn 1973 en 1974 aksjes om it publyk op moderne wize te wizen op gefaren fan de kombinaasje alkohol-snelferkear. Ek is der in Frouljuswurkgroep fan de Ando. De striid fan de hielûnthâldersorganisaasje is ek rjochte tsjin de gefaren fan drugs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: