Springe nei ynhâld

Josef Wilhelm Bernard Cohen

Ut Wikipedy
Josef Wilhelm Bernard Cohen
Joop Cohen en de frou
Joop Cohen en de frou
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 juny 1904
berteplak Amsterdam
stoarn 3 maaie 1942 (37 jier)
stjerplak Slot Hartheim, Alkoven
wurkpaad
berop/amt Nederlânsk Herfoarme predikant

Josef (Joop) Wilhelm Bernard Cohen (Amsterdam, 30 juny 1904 - Slot Hartheim (Alkoven), 3 maaie 1942) wie in kristen-pasifiskysk predikant yn Dokkum fan 1935 oant 1942 fan joadsk komôf.

Cohen wie in soan fan Barend Cohen (1870-1908) en Elisabeth Polak (1870-Dimter, 1940). Hy studearre oant 1927 teology oan de Universiteit fan Utert. Dêrnei stie er as herfoarme predikant yn Wapserfean (1930) en fan 1935 oant syn dea yn 1942 yn Dokkum.

Teology wie Cohen syn sterkste kant net, mar hy wie in emosjoneel preker. Hy wie in fûl anty-militêrist en drankbestrider. Syn anty-militêrystysk sprekken joech wolris opskuor. Op in iepenloftgearkomst fan Kerk en Vrede yn Dokkum yn 1935 trúne er oan ta tsjinstwegering. Dat kaam him te stean op 14 dagen selstraf. Yn maaie 1941 feroardiele er it nasjonaal-sosjalisme yn syn preek. Nei him ûnderfrege te hawwen liet de SD him wer gean. Nei in preek oer Hannelingen 5:29 ('Men moat mear nei God as nei de minsken harkje') waard er wer ferret en oanbrocht by de SD. Op 22 july waard er arrestearre en fia de Ljouwerter finzenis nei Dachau transportearre dêr't er op 24 septimber oankaam. Cohen syn hâlden en dragen dêr wurdt omskreaun as 'moedich en nommel'.

Fanwegen syn Joadsk komôf waard er dêr minner behannele as oare predikanten. Op 4 maaie 1942 waard er op ynvalidetransport set fan Dachau nei Slot Hartheim (Tötungsanstalt Hartheim) yn Alkoven. Dêr waard er fergast. [1] Neffens it Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme en oare boarnen wie Cohen syn stjerdatum 23 maaie en stoar er yn konsintraasjekamp Dachau.

  • De boosaardige geesten in het luchtruim. Evangelieprediking over Ephese 6:12 (Leidsche vertaling) naar aanleiding van de Luchtbeschermingsoefeningen uitgesproken in de Groote Kerk te Dokkum op 8 maart 1936, útj. Fa. J. Kamminga.
  • Schregardus, W., Gods woord als vuur. Ds. J.W.B. Cohen, geboren 30 Juni 1904 - overleden 1942. 1949

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Josef Wilhelm Bernard Cohen